net hoe sterk as ik bin. Sjoch, dy kou woe ûnderweis net rinne. Nou hie 'k thús de kachel útklaud, ear't ik fan hûs gong en doe't de kou net om lyk woe, ha 'k him mei de swarte hân in dûst tsjin 'e rjochterkant fan 'e bealich jown’. Doe sei de boer: ‘Man, as jo him oan 'e rjochterkant in dûst jowe, hoe kin er dan oan 'e lofterkant in swart plak ha?’ Jan antwurde: ‘Oan 'e rjochterkant hie er fansels ek in swarte feech, en dy ha 'k der ôf helle. Mar jo witte net hoe hurd as ik slaen kin. As ik him mei de smoarge hân op 'e rjochterkant fan 'e bealich slach, dan kinne jo de swartens oan 'e lofterkant noch sjen. Mar dêr hie 'k net by stilstien’.