Putslatte
‘Ik en Wibe wiene bazen yn 't putslatten. Foarhinne wiene it allegear putten en saden. En doe wie der yn Hollân ris in ôfgryslik djippe put en dy moast slatten wurde. Dêr waerden ik en Wibe by ûntbean. Nou, wy dêr togearre yn del. Tofoaren noch dêrnei haw ik sa'n djippe put sjoen. Mar op 't lêst bilânnen wy doch op 'e boaijem en doe wy oan 't putslatten. Se hellen fuort op hwat wy slatten. Op 't lêst sei Wibe: Ik wit der neat fan, Jan, hwer't wy bilânje. Ik sei: Sjoch, hjir koe wol romte komme, dêr't wy troch kinne. Krekt oft der in doar yn sit. - Nou, wy avensearden dat spul iepen en wy der troch. It die bliken, wy wiene yn Amearika. Ik trof dêr op 'e strjitte fuortdalik Wiger Knyp, dy wie yn 't foarige fan 't Surhústerfean nei Amearika tein. Wy ha dêr hwat omstrúnd, mar ik sei tsjin Wibe: Wy sille sjen dat wy hjir wer wei komme, hwant it liket my hjir ek neat ta’.