De kop der ôf skuord
Hy fortelde ris, hy en syn maten hiene yn in rite dat it iten krap wie op in nacht stikem fan de boer dêr't er arbeide in kou stellen en slachte. ‘Ik prakkesearde der noch ris oer nei’, sei er, ‘en ik sei tsjin mysels: Blinder, Jan! Oft ik wer by de boer kom of ik kom net wer by him, hy hat donders goed yn 'e rekken, dat ik hjir de hân mei yn hawn ha. Hoe kom ik hjir foarwei? - Efter de boer syn lân lei in greate sompe. Ik bin de oare moarns by de boer kommen, hymjend en pûstend en ik ha roppen: As de wearlich, ik moat tou ha! - Hwat nou? - Der sit in kou yn 'e weakte en dy sinkt wei. De kop stiket der noch ta'n út. Lit my mar gewurde. Ik bin sa sterk as in bear en ik krij him der wol wer út. - Sjoch, ik hie dy kouwekop sa yn 'e sompe set, dat ik koe der noch krekt by. Doe wy der hinne. Ik kin folle hurder rinne as in oar, dat ik wie der earst. Ik boun dy kou sabeare in tou om 'e strôte, wylst de boer der nei stie to sjen. Doe gong ik op 'e fêste stean en ik bearde dat ik út alle macht oan it tou skuorde. En ynienen stroffele ik tobek en dêr kaem de kouwekop oan it tou ta de weakte út fleanen. Ik sei tsjin de boer: Potfordikke! Nou ha 'k him de kop ôf skuord en it oare binne wy kwyt. - De boer leaude my en sa ha 'k my der doe út ret’.