Hounen
Jan hold der ris twa hounen op nei. Der kaem in mynhear op him ta en dy sei: ‘In moaije houn is dat’. ‘Hokker?’ frege Jan. De mynhear wiisde de iene oan. ‘Welker!’ sei Jan. ‘Ja dy!’ sei de mynhear. ‘Krekt, Welker’, sei Jan. ‘Ik kin neat mei jo wurde’, rôp de mynhear. Mar de beide hounen hieten Hokker en Welker.
As Jan in houn hie, wie dat noait samar in gewoanenien. Op in middei by de simmer hiene Jan en Tsjits yntiids iten en se sieten noch hwat by de tafel to dodzjen. Ynienen skrille Tsjits wekker en sei: ‘Jan, it guod moat fan 'e line, wy krije reinwetter’. ‘Ei jonge, né’, sei Jan, ‘it wie ús houn dy't foar de glêzen lâns roun’. It wie sa'n greate grouwe houn, it waerd der tsjuster fan yn 'e hûs. ‘Sjoch’, sei Jan, ‘dêr hast de sinne al wer’. Mar hwat moast dy houn, hy gong oars noait fuort? ‘Hy stapte de Draei oer’, fortelde Jan letter, ‘en hy kuijere by de Formanje del. Ik wie klear wekker en Tsjits ek. De houn gong nei Klaes Anders' pleats ta. Dêr sieten se noch to iten. De houn stapte troch it hekje en sa de hutte yn. Och heden, it duorre mar even, dêr kaem er wer oan, in heale baerch dwers yn 'e bek - se hiene krekt slachte. Mar ûnderwiles wie it hekje tichtwaeid. Hy die twa stappen tobek, naem in oan-rintsje en sprong mei de heale baerch yn 'e bek oer it hekje. Mar dêr kaem Klaes Anders oanrinnen mei trije arbeiders, bleate koppen, hoasfuotling en yn 't festje,