De hynstekont dy't de kop foarbyroun
Ien kear hat Jan Hepkes in rydhynder hawn, mar hy wie dan ek hielendal op 'e Súdlaerder hynstemerk, doe't er dêr in forhael oer die. Se sieten yn in herberge en dêr hellen se op oer hurddravers. Doe hie Jan dan ek ris in hynder hawn en dat roun elk oar hynder op 'e wrâld foarby. Allinne, it hie ien nuver ding oer him: as Jan der op sitten gong, dan siet er earst goed, mar ûnderweis moast er him by de sturt beethâlde, oars fleach hy der ôf. Doe barstte it omsittend laech út fan laitsjen en se seine: ‘Hoe kin dat nou - astou gewoan op dat hynder sitten gieste en it rint hurd, hoe kinst him dan by de sturt beethâlde, hwant dan sitst ommers hielendal forkeard-om’. ‘Né’, sei Jan, ‘as dat hynder op syn hurdst roun, dan fleach er mei de kont syn eigen kop foarby. Dan siet de sturt foar en dêr moast ik my oan beethâlde. Mar hy bigoun sa gau net stadiger to rinnen of de kont en de sturt sakken wer nei efteren en dan koe ik him wer by de kop krije’.