Op 'e fyts
Jan Hepkes wie net de iennichste dy't op 'e fyts hwat mear koe as sljocht hinne en wer. Hy fortelde ek it forhael, dat er op in kear op 'e feartswâl siet to angelfiskjen. Doe seach er, dat it wetter yn 'e fierte bigoun to brobbeljen. Hy tocht, dêr komt in forwoest greate fisk oan. Mar doe't it brobbeljen oan him ta wie, kaem de kop fan in keardel boppe wetter; dy seach him oan en frege: ‘Hoe kom ik op in gausten yn 'e Ham?’ (Droegeham). ‘Nou’, sei Jan, ‘dan kinne jo it bêste earst mar in ein rjochtút en dan rjochtsôf’. Mar Jan pakte de angel op, en roun in fiks ein fierder, de feartswâl lâns. Hy hie krekt wer ynsmiten, doe bigoun it wetter op 'e nij to brobbel-