De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 385]
| |
Op in kear koft Jan kninen by in boer, in ein bûten it Surhústerfean. De sek mei kninen oer 't skouder roun er pratendewei mei de boer op nei it Fean. Se wiene in stik hinne oan it doarp ta, doe rôp Jan ynienen: ‘Potfordikke, nou moat 'k werom! Ik ha de fyts by jo oan 'e skuorside stean litten’. ‘Dat is ek hwat, it is in hiel ein’. ‘Ho, né’, sei Jan, ‘it kin noch oars. Ik hoopje, ik hóópje dat er my heart!’ ‘Hoe bidoele jo?’ ‘Sjoch, ik ha him dresseard. Hy ken myn fluitsje presys; as er my heart, dan komt er, mar ik bin der net wis fan dat ik him hjirwei bifluitsje kin’. Jan stiek twa fingers yn 'e mûle, hy fluite en hy fluite. Doe skreaude er: ‘Nei hûs, siz ik dy, nei hûs!’ ‘Wy sille it bêste der mar fan hoopje’, sei er tsjin 'e boer, ‘yn alle gefallen, wy rinne mar troch’. Doe't se by Feike-draei kamen, sei Jan: ‘Gean even mei, ik wol daelk mei jo ôfrekkenje’. En doe kamen se efterhûs. ‘Sjoch’, sei Jan, ‘dêr stiet de fyts al. Hy hat my wol heard’.
As men Jan leauwe soe, dan wie it alderforskuorrendst, hoe't er fytse koe. Hy ried leafst mei in dracht fellen op 'e beide pakjedragers en dan yn in stive wyn op, hwant dat joech hwat stevichheit oan 't boarst. Foar de wyn del, dan koe er tsjin in tongerbui fytse. Hy kaem ris fan Gerkes-kleaster mei fellen. Doe't er op Blaufallaet wie, wie de loft swart, it wjerljochte en it tongere dat it hwat die en de earste druppen foelen him op 'e efterste spatskerm. ‘Ik seach om’, sei Jan, ‘ik seach noch ris om en ik sette de fuotten goed op 'e trapers. Ik moast noch in moai ein, oer Surhuzum, troch Koartwâld en oer Dellen en sa nei 't boppe-ein fan 't Fean. Ik seach wer om, en efter my wie de weareld wyt fan reinwetter. Dikke druppen kletsten efter my op 'e spatskerm, de hoksen rekken ek hwat bislingere en ik krige in flutske yn 'e klompen, mar fierder bleau ik droech. Ik skeat om 't hûs hinne, en ik wie mar krekt binnendoar of dêr spielde 't hinne. Dou bist ynein, sei Tsjits. Ik sei: Ja, ik swit as 't moundersfolk, mar ik koe de bui foarbliuwe. Kom mar mei, sei 'k tsjin Tsjits, hwant dy woe 't net leauwe. De efterste bân wie dweiltrochwiet en de foarste koarkdroech’. Sa moat er ek ris droech by de kastlein yn 'e tapkeamer kommen wêze, mei itselde forhael. Mar doe kaem er hielendal net fan bûten - hy hie boppe mei de kastlein syn dochter lein to frijen.
Op in freed wie er mei in foech stoarm yn 'e rêch en in pear slokjes yn 't boarst fan Ljouwert kommen, twa balen sâlt foar op 'e fyts. ‘Heden, bist nou al thús, Jan!’ rôp Tsjits. Mar Jan frege: ‘Hwer bin 'k dan?’ en seach forwêzen om him hinne. Hy hie net iens murken dat er oer Feike-draei kommen wie, sa hurd hie er flein.
In oare fredes wie er ál sa hurd foar de westewyn fan Ljouwert thúskommen. Hy siet al in kertier efter Tsjits har opwaerme ierpels, doe sei er: ‘Hwat rost en skrabet dêr sa by de hûsside lâns?’ Hy nei bûten en dêr seach er it efterste tsjil fan 'e fyts. Dat wie krekt oankommen. It hie sa hurd net kinnen as it foarste stik fan 'e fyts.
Hy hat it ek ris hawn, doe waerd er, wylst er foar de wyn del ried, opnommen troch in wynhoas. Mei fyts en al sylde er troch de loft, mar hy koe it stjûrende hâlde en doe't er in hiel ein fierder wer op 'e wei delset waerd, kamen beide tsjillen tagelyk oan 'e groun en hy trape wer gewoan fierder. | |
[pagina 386]
| |
Ien kear sutele er mei in grou kuorfol guozze-aeijen. Doe fregen se him, hoe't er oan dy aeijen kommen wie. Hy sei: ‘Trochdat ik in fyts ha’. Se seagen it forbân net. ‘Nou’, sei er, ‘it is ek gjin gewoane fyts. As ik earne op 'e tiid wêze moat en it is my to fier om de wei lâns, dan traepje ik sa hurd, dat ik oer 't wetter ryd en ik bin der al oer hinne ear't de tsjillen wiet binne. Ik ha der allegear kamrêdden by makke; der is ien kamrêd by, as ik dat der op set, dan kin 'k sa hurd, dan fyts ik oan 'e iene kant by de tsjerketoer op, oan boppen ta; dêr poets ik it hoantsje en ik ryd der oan 'e oare kant wer by del’. Se seine: ‘Dat is dan wol it alderhurdste’. ‘Né’, sei er, ‘as ik de fyts der hielendal op ynstel, ik traepje myn hurdste en ik hâld de beide flippen fan 'e jas fansiden, dan flean ik de loft yn’. En doe fregen se: ‘Mar hwat hat dat nou mei de guozze-aeijen to meitsjen?’ ‘Dat sil 'k jim gau fortelle. As hjerstmis de guozzen oerkomme, dan fljoch ik der op 'e fyts efteroan, ik hâld se de aeikoer ûnder de kont en ik fandelje de aeijen dy't se yn 'e flecht wei lizze. Hwa wol se keapje?’
Jan Hepkes hie him ris as mier of ûngetider by in boer bisteld. Op dy en dy joune, sa let, soe hy der wêze. Mar hy kaem pas de oare deis opdaegjen. De boer pakte fuortendalik út: ‘Dit is gjin spul. Jo hiene hjir justerjoun wêze moatten’, folle net genôch. ‘Jo moatte net sa raer’, sei Jan, ‘ik bin justerjoun al fan hûs stutsen’. ‘Justerjoun?’ frege de boer, ‘en ik miende dat jo sa hurd fytse koene’. ‘Dat is ek sa’, andere Jan, ‘sjoch, ik hie mei jo ôfpraet, ik soe hjir om sawn ûre wêze, mar ik naem efkes in knipperke en doe waerd ik ien minút foar sawnen wekker. Ik moast my noch waskje en oanklaeije en ek noch ite. Doe fytste ik my hast oer 'e kop, sadwaende rekke ik it bistjûr kwyt en ik bin yn in dobbe sketten. Mei fyts en al sonk ik nei de boaijem en dêr ha 'k lein. Ik wie heal yn 'e sus, ik hie gjin binul mear om der út to kommen en ik ha der de hiele nacht lein’. ‘Dat bistiet net’, sei de boer, ‘dan hiene jo al lang forsûpt west’. ‘Né’, sei Jan, ‘ik hie noch wol safolle bisleur dat ik it fentyl út ien fan 'e bannen loek en dêr bin 'k mei de mûle oan lizzen gongen. Ik hie de bannen alderduvelste hurd oppompt, dat dêr koe ik de nachts krekt fan sykheljende bliuwe en fan 'e moarn wie 'k wer safier by myn sûpe en stút, dat ik bin der út klommen en as de blinder hjirhinne riden’. ‘It liket my raer ta’, skodholle de boer, ‘jo binne sa droech as rys’. Doe sei Jan: ‘Ja, tinke jo dan, dat my de klean wiet bliuwe, as ik hurd fyts?’ |
|