De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 384]
| |
De münchhausen fan 't surhústerfeanFan achttjinhûndert en twaënsechstich oant njoggentjinhûndert en njoggenentritich libbe op it Surhústerfean in Jan Hepkes Wouda. De fan waerd ornaris weilitten, inkelden neamden him Jan Hepkes Liger. Miskien wie dat mear in eare- as in skelnamme. Hy liigde net om der better fan to wurden, hy fantasearre, hy stâlde, yn 't ûnbidige. Immen dy't him skoan kennen hat, oardielet sa: ‘As jo hwat sizze en it is net moai, dan moatte jo net lige. Mar as jo hwat sizze dat moai is, dan meije jo lige. Hwant ik ha 't faek bilibbe, dan fortelden de minsken werklik de wierheit, mar der wie neat oan. Mar as se in grap hiene, dat se liigden, dan wie 't moai. Nou, hwat is dan it bêste?’ Jan wie âldfeint. Hy wenne mei syn suster Tsjits op Feike-draei yn in plat hûs mei klimop om 'e glêzen en allegear lytse rútsjes. Hy hannele yn fellen - sadwaen- de swalke er in bulte by de streek, mar as er by honk wie hie er meastentiids gâns folk om him hinne. Hwannear't it waer tsjinne sieten se bûtendoar op 'e Draei, soms wol tweintich man sterk. Mar yn 'e hûs wisten se him ek wol to finen, hwant hy wie in man fan it wurd, en hoe! Immen dy't him in kear opsocht, hâldde er fjouwer dagen oan 'e praet. Rekke er moarns yn 'e skearwinkel goed los, dan koe it wêze, dat er foar de joun net wer fan 'e stoel kaem. It gong by tiden frjemd en wyld mei him, der soe in boek oer to skriuwen wêze. Syn figuer, sa't er ús ôfskildere wurdt, fortoant inkeld ris Ulespegel-trekken, mar hy hat mear wei fan de frijhear von Münchhausen, de greate liger út 'e achttjinde ieu. Hwat dy stâlde wiene âlde folksforhalen, ligersforhalen, dy't er geniael op himsels slaen liet. Ek Jan Hepkes moat sokke âlde folksforhalen kend ha, ligersforhalen. Hoe soe er se net kend ha yn dat âlde Surhústerfean, dêr't se fol forhalen en grappen sieten. Syn tahearders sille se him ek wol oandroegen ha - wy ha dêr oanwizingen foar -, en ek hy skoep der nije forhalen fan, boartlike fariaesjes op âlde motiven. En dy forhalen geane as de Jan Hepkes-forhalen, âld makke nij, noch altyd yn 'e eastlike Wâlden om. Wy sjogge Jan dêr omstappen op Feike-draei, in koarte dûbelde keardel, de eagen spotsk, de mûle múske-eftich. It auditorium spilet mei - yn somlike forhalen hearre wy hoe't se him yn 'e bek hingje, om syn fantasy noch greater flecht to jaen. Ien dy't der by stien hat, sei my: ‘As er op it botste liigde, dan stapte er hyltyd mar yn 'e rounte, de hannen efter it festje, de tabaksjarre yn 'e mûlshoeken, en dan spuide er’. Yn 'e omkriten fan it Surhústerfean giet noch it sechje: ‘En wier is 't! sei Jan Hepkes en hy hie krekt wer ien stâld’. |
|