Brandsma
Brandsma dy wie feint by Wassenaar to Jelsum, dy't yndertiid sa'n bêst bislach fé hie. En dy Brandsma wie tige bikend en elkenien hie fan him heard.
Doe barde it, dat sil yn 1959 of dy roai west ha, dat de Sjah fan Perzië mei gâns gefolch nei Nederlân kaem, en hy makke ek in útstapke nei Jelsum om Wassenaar syn fé to bisjen. Alle bisten wienen goed sturtwosken, de hikken en reden wienen opmakke en de arbeiders rounen der kreas by yn blaukile en wite broek. Mar hwat de Sjah hat to dwaen, dy sjocht ris om him hinne, rint nei ien fan 'e arbeiders ta, stekt de hân út en seit: ‘Brandsma, hoe giet it mei jo? Bliid dat ik ris mei jo yn 'e kunde kom’.
Mar dat stiek de oaren fansels, dat sa'n gewoane arbeider sa bikend wie oer de wrâld. Dat sadwaende, doe't der ris in ploech Russen komme soe om Wassenaar syn fé to bisjen en mooglik inkele bisten to keapjen, doe waerd Brandsma hjitten om him dy deis mar hwat efterôf to hâlden yn 'e skuorre. Nou, de Russen kamen en biseagen wakker it fé. Mar it like wol oft se net hielendal foldien wiene. En oan 'e ein fan 'e middei sei ien fan 'e Russen: ‘Hwer is Brandsma eigentlik? Dy haw ik hjoed mist’. Dat doe waerd Brandsma út 'e skuorre helle en der waerd drok fûstke.
Net lang dêrnei waerd Brandsma fiifensechstich, en dat wie in great feest. Elkenien dy't koe, wie der. Doe fregen se him: ‘Jo kenne ek sahwat elkenien fan 'e wrâld net?’ Mar Brandsma sei: ‘Nou sjoch, dat sit sa, elkenien dy't reizgje kin, dy hat wolris by my west. Mar ien, dy reizget net, de paus, dy hat noch noait by my west. Ja, en ik kom ek noait fan hûs’. ‘Mar man’, seinen se doe, ‘dan moatte jo ris nei Rome, jo hawwe it nou skoan oan tiid, en it jild dêr wurdt foar ret’.
En koarte tiid letter rekke Brandsma op reis nei Rome. En de paus bliid, hwant dy hie altiten al graech mei Brandsma prate wollen. Hy wie sa bliid as in bern. En hy sei: ‘Witt’ jo hwat? Aenst sil ik it folk op it Sint-Pitersplein seinigje. Dan geane jo neist my stean op it balkon'. Nou, even letter dêr stienen se. En it plein wie fol. En tusken it folk stienen ek twa Amerikaense touristen. Doe sei de iene tsjin de oare: ‘Sjoch, dy iene, dat is Brandsma, mar hwa soe dy oare wêze?’