trêddet er oan 'e oare kant fan 'e skuorre net in hin! En doe't er dat birêdden hie kraeide de kop noch ien kear, krekt as woe er sizze: Nou boer, hwat sizze jo hjirfan!’ ‘Ja’, seine de oaren, ‘dat hat dy hoanne grif sa bidoeld. It sil wol wier wêze’.
De tredde wie ek in boer en dit is syn forhael. It wie yn 'e foarsimmer, de tiid fan 'e deunske kij, en doe moast der wer in kou ûnder 'e bolle. Dy kou wie sa gekdeunsk, dat it spande der om dat de feint, de arbeider en de boer him trijeresom hâlde koene, hy woe hyltyd mar op 'e oare kij omdúnje. Mar se sleepten him doch nei de bolle ta, dy't op 'e pôlle njonken de pleats oan 't tsjoar siet. Mar doe woe it noch net bislaen, hwant de kou knypte de sturt der foar. De faem roun der by lâns en doe sei de boer: ‘Jonge, soestou de sturt der even foarwei lûke wolle?’ De faem hie sok wurk wol faker by de ein hawn, dat dy harke der net nuver fan op. Se giet hwat krom stean, de bolle nimt de guit en de faem lûkt de sturt fansiden. De faem hie in rea mûtske op en mei't se har foaroerbûgde, krekt in bytsje to fier, rekke dat mûtske ta de kou yn. En it kaem net werom. Dat wie nou it slimste net, mar de oare maitiids kealle dy kou en doe seagen se forheard op! Hy brocht in koukeal en dat hie it rea mûtske fan 'e faem op 'e kop. Doe seine de oaren: ‘Hoe is 't mooglik, dat dy bolle dat mûtske nou krekt op it keal syn kop pikte! It sil wol wier wêze’.
De fjirde man dy't syn forhael die, dat wie in karrider. Fan 'e Lemmer op 'e Jouwer, of fan 'e Jouwer op 'e Lemmer. Dêr't nou de Rykswei de Skiensdyk krúst, stie doe in herberge en dêr wenne in Gorter yn. De lju mochten der graech pleisterje, hwant it wie in tige flotte kastlein. Dy karrider koe op 'e Jouwer ek wol in slokje krije, mar fanwege de âlde kunde stiek er altyd by Gorter oan en syn âlde guds wie dêr sa ta wend, dat dy soe mei gjin stôk de herberge foarby to krijen wêze. Op in kear kaem de man fan 'e Jouwer en hy tocht by himsels, hea, krekt as is der hwat oan mei 't âld hynder, mar it sjoksele noch stadich hwat troch. Lykwols, hy is noch in goeije hûndert meter fan 'e herberge ôf en stjert it âld beest dêr net dea op 'e dyk! Mar in gelok by in ûngelok - dat hynder wie sa fel wend om by Gorter oan to stekken, dat it sleepte him noch fierder oan 'e herberge ta. De karrider tochte, ik stjûr him mar njonken hûs, dan leit er gjinien yn 't paed en as er ienkear foar de herberge op 'e dyk leit, krij 'k him net fierder. En wûnder boppe wûnder, hy krige him dêr't er him ha woe.
De karrider nimt yn 'e haest ien op by Gorter en set sa hurd as er rinne kin nei Tseard Hooisma, de hynsteslachter yn 'e Bûterstege op 'e Jouwer. Tseard hearde frjemd op fan syn forhael. Hy seit: ‘Ik sil gau it hynder ynslaen, en dan helje wy him dalik op’. Dat de karrider en Tseard Hooisma ride togearre werom. Se komme njonken hûs en doe seagen se raer op - dêr lei oars neat as in bonkerak en in hynstekop. De maitsen hiene it âld hynder op, wylst it dêr noch gjin healûre lein hie. En yn 'e hynstekop wiene al in pear mosken oan 't nesteljen. ‘Ik ha 't wol raer meimakke’, sei de karrider, ‘mar sa raer noch noait’. ‘Ne’, seine de oaren, ‘sa ha wy it ek noch noait heard. Mar jo forteile dat nou - it sil wol wier wêze!’
Doe bigounen se oan in nije rige forhalen, mar dêr binne se yn hingjen bleaun, hwant de loft wie ûnderwilens tichtset, en se binne útreind.