Gjin anker
Der wie ris in skipper dy koe lige dat him de nekke rikke. Op in kear lei er earne op 'e romte mei in stikmannich oare skippers forwaeid. De tiid moast stikkenslein wurde. Doe oan 't fortellen. It gong tsjininoar hwa't de sterkste stikken bilibbe hie. Us maet fortelde op 't lêst: ‘Ik ha't ris hawn, doe foer ik de Hegemermar op. It waeide in foege stoarm en de wyn boaze mar oan en boaze mar oan, swiere buijen. Wy krigen safolle wetter oer board, dat ik koe de eigen fleugel net mear sjen. It gong hoe langer hoe mâlder. En it slimste wie, ik hie gjin anker en gjin ketting oan board. Op 't lêst koene wy it net mear kropje, dat ik sei tsjin 't wiif: “Wy móátte ankerje. En ik ha gjin anker. Hast ek grôt?” Se sei: “Jawol. Mar hwat wolst dan?” “Jow op!” Ik ha de pûde mei grôt op 't dek smiten en al dy grôtskerrels oaninoarknope. En dêr it izeren stookpotsje oan. Wy hawwe ankere foar mirakel!’