Boppedat, al is de brij oan 'e stive kant, as men der op stapt, sakket men der yn wei. Der is mar ien wize op: oanite! In hiel inkelden slagget it om yn Luilekkerlân to kommen. Fan sa'nien haw ik dit forhael. Oars hie 'k it ek net witten.
Doe't hy der dan troch wie, seach er forheard om him hinne. Oan 'e oare kant fan 'e bergen hie it hwat suterich waer west, mar hjir skynde de sinne, it wie in lust. Net to hjit, net to kâld. As it to keap wie, soe men sok himelsk moai waer keapje. Hy hie him goed sêd iten, mar och, rizenbrij is licht to fortarren, dat hy tocht al gau, ik moat mar ris sjen, dat ik hwat stevigers yn 'e mage krij. Nou, hy kaem by in hûs, dat wie opset fan nogablokken. Dêr biet er in stik of hwat ôf, mar dy smakken him doch hwat to swiet foar in hiel miel. Hy sjocht ris by it dak op en dêr lizze allegearre pankoeken sa dakpansgewize oer inoarren hinne. Hy kriget der ien ôf, mar der komt fuortynienen in oaerenien foar yn 't plak. Oars soe der ommers in gat yn 't dak sitte.
Nou, hy wie sêd fan noga en pankoeken. Mar it skynt dat it fluch fortarde, hwant doe't er in ein fierder wie, tocht er, ik hie ek wol sin oan in stik brea of in krinteboltsje. Hy roun in hûs yn dêr wiene de muorren net fan sûkelade (sjoch, dat soe rane), mar fan goud en sulver. Dat rustke net. Hy hie gjin forlet fan jild, hwant hy hoegde neat to biteljen. Dat de muorren dêr briek er neat ôf, mar sjoch, dêr yn 'e hûs wie in greate oven. De skoattel stie der by, dêr koe men it farske brea der samar mei út lûke. Dat hy loek der in pear sûkerbôllen út, in pear krintebôllen en in roggebrea. Doe koe er it earst wol stouwe. Mar hy tocht by himsels, ik moast der winliken noch in glês wyn by ha. Hy om him hinne sjen, en sjoch, dêr stiet in pomp. Hy pompe, en jandoarje - komt dêr gjin wyn út! Hy hoegde der mar in glês ûnder to hâlden en hy hie hwat er winske. Hy dronk in aerdige romerfol, dat it bigoun him al hwat rûzich en dûzich yn 'e holle to wurden. Doe tocht er, jonge, as ik nou ris in appel opiet, dan forskrikte it hwat. Om it hûs hinne stiene fruchtbeammen genôch, hy koe mar útsykje. Hy hie noch noait sokke lekkere appels preaun. En soppige parren, en druven, en prommen, en kersen, it iene al lekkerder as it oare. Hy koe alles net op fansels, hy preau der allinne mar fan.
Doe waerd it joun. It wie moai, waerm waer, dat hy joech him samar op 'e groun del. De oare moarns songen de fûgels him wekker. It wie allegear fûgels. En moai sjonge - men hoegde der gjin konsert foar. Hy tochte, ik hie doch wol sin oan in stik brea mei spek. It brea hie er noch oerhâlden fan 'e foarige deis, mar nou it spek! Hy sjocht om him hinne, en dêr komt in grouwe baerch oan, mei it mes yn 'e rêch, en dy bliuwt by him stean. Hy koe der sa mar in stik út snije, hwant de baerch hie gear spek op 'e bealich. Dat hy snie der in pear bêste plakken út. Dêr wie er amper mei klear, of de rêch wie al wer tichtgroeid. It is in merakel, tocht er. Men soe hjir al jins libbensdagen bliuwe.
En doe wie it middei. Hy sei, ik soe nou doch wol hwat oars meije. In hin of in dou soe my wol smeitsje. Dat hat er noch net sein, of dêr komme douwen oan fleanen. Hy stiet der mei de mûle iepen nei to sjen, en sa fljocht der him in brette dou yn 'e mûle! Hy kuijere in eintsje en dêr kaem er wer by in leech hûs. Sa net, alle huzen stiene dêr leech. Dat die him yn 't earst al nij, mar doe't er efkes neitocht koe er wol bigripe, dat hjir mar selden in minske kaem, troch dy rizenbrijberch. By dit hûs stie wer in pomp. Hy pompte, en dizze pomp smiet limenade út. Dêr hie er nou krekt sin oan.
Op 'e neidei kaem er wer by in bakkerij. It waerd njonkelytsen ek tiid foar in