Dan blaes ik it stel út
In pear angelfiskers út 'e Lemmer soene togearre mei 't boat de Tsjûkemar op. Doe't se in eintsje ûnderweis wiene, foelen se yn in petear. En doe fortelde de iene: ‘Ik wit hjir tichteby in moai bitersplak. Dêr sit gâns fisk, en ik ha der ris in snoek fongen, nou sa! Rojael oardel meter langte’. De oare sei neat, mar hy tochte, ik sil dy wol krije, maet! Hy fortelde: ‘Ik ha 't ris hawn, doe fong ik in moai soadtsje fisk. Ik hie der op rekkene, dat ik hie it petroaljestel mei fan hûs nommen. Ik tochte, ik bak aenst foar mysels in lekker mieltsje. Ik stiek it stel oan, en ik wit net hoe 'k it hie, mar it stel glied my fan 't boat ôf yn 't wetter. Ik wie gau biret. Ik hie it skepnet by de hân en dêr haw ik it wer mei opfiske. En jonge, ik kin dy sizze - it brânde noch!’ ‘Dat lychste!’ rôp de oare. ‘Nou ja’, sei er, ‘astou nou de helte fan dyn snoek ôfdochste, dan blaes ik it stel út’.