It forhael fan de trije farrenslju
Ik ha wolris sizzen heard, dat der trije sélju wienen, ien út Boarnburgum, ien út Smellie en ien út de Wylgen dy't wolris tagelyk thúskamen en dan in buorrel kochten by de kastelein Ids Bergsma yn Drachten, by de haedbrêge. Se fortelden dan stikjes en se liigden dat de nekke der harren fan rikke, mar de kastlein sei altyd mar: ‘Dat kin wier wêze’. Doe't se wer ris tagelyk thúskomd wienen en nei Bergsma ta gongen om in buorrel sei de iene: ‘Soenen wy net ris sa lige kinne dat Ids seit: Dat lychste!?’ Alle trije koenen se dat wol, seinen se en doe praetten se ôf dat hwa't it oprêdde soe, dy krige in healpoun tabak fan Osinga.
De earste fortelde: Wy wienen ris op sé en doe fleach der in dikke fûgel boppe it skip lâns en dêr wie it wol twa minuten donker fan. Wy seagen dat er op in eilantsje sitten gong. Fuortby op in oar eilantsje siet in diel fan it leger fan Napoleon - as dy dy fûgel sjitte soenen hienen se der in hiel set iten fan. In man of hwat gongen der op ôf mei gewearen en doe't se op it oare eilantsje oanlânnen seagen se dêr op in hichte in great brún ding. Dat sil dy fûgel wol wêze, seinen se. Sjitte!, rôp de kommandant en sy skeaten, mar dy fûgel hie dêr allinne mar in dik aei lein en dat skeaten se stikken... De djirre fan it aei streamde nei ûnderen en twa mannen fordronken der yn. ‘Dat kin wier wêze!’ sei Bergsma. Dy earste krige dus it healpoun tabak net.
De twadde fortelde: By ús yn it doarp hienen se koal boud en ien koal wie sa dik wurden dat de minsken wisten net mear hwer't se der mei hinne moasten. Doe kaem der ris in greate reus en dy sei: Ik wol hjir iten fan jim ha, oars wâdzje ik jim hiele doarpke plat. Doe seinen se, dan moat hy de koal mar ha. Sy seaden him yn in pear stookpotten en dienen der aerdich sâlt yn. Doe't de reus de koal op hie sei er: Ik moat drinken ha. Wy geane mei him nei de Smelle Ie to drinken, seinen se,