Yn 'e fierte seach er de polysje al op him ta kommen, dy hie gjin jas en gjin papieren foun fansels. De polysjeman roun net iens sa hurd, hwant de oare koe him doch net ûntkomme.
De streuper wist der gjin wei op, dat hy sprong yn 't wetter, mar nei de oare kant swimme bistie net en it reid wie to tin om der yn weiwurde to kinnen. Doe seach er dêr in doerebout, sa'n pylk, stean. Hy skuorde de kop der ôf, de stâlle wie hol, dat hy naem de iene ein yn 'e mûle en de oare hâldde er boppe wetter, wylst er sels goed djip yn 'e modder dûkte. It wetter wie feanich en brún en der stie wol safolle reid, dat it ein stâlle dat boppe wetter útstike net opfoel. It gewear hie er foar syn fuotten op 'e boaijem lizzen. Hy hearde oan it dreunen fan 'e groun dat de polysje dêr by om alles ôfsocht. Dy koe him mar net bigripe, hwer't de fint bleaun wie, en op 't langelêst hat it him grif forfeeld en doe hat er him mar ôfjown. De streuper wachte noch in setsje, doe smiet er earst it gewear op 'e wâl en sels klom hy der efteroan. Letter moat er sein ha: ‘Ik hie in wiete kros en in wiet gewear, likegoed hie ik noch in tafaltsje, hwant der siet my twa kilo iel yn 'e learzens’. Oft allinne it lêste nou jagers- en fiskerslatyn west hat, of it hiele forhael, dat wit ik net, mar it waerd by ús foar wier forteld.