Dat hy tochte by himsels, hjir moat ik hwat oars op útprakkeseare.
En ja, hy foun fan alles út en hy forsmiet it ek allegear wer like hurd. Dêr siet er to langhalzjen nei de ierde. Hy krige it ek noch drok, hwant de moanne siet ûnder de grouwe luzen, en dy bieten de boer ek fel, dat hy hie wol deiwurk mei luzefangen. Sa hâldde er dêr in deimannich ta. Ien gelok, it wie dêr net sa hjit as op 'e sinne, oars wie er al lang fortoarste. Mar alhiel sûnder drinken koe er doch net. Nou wie it dêr tige droech op 'e moanne - it is ek sa heech, wier! Dat hy moast djip dolle, foardat er in glês wetter hie. Mar op 't lêst hie er dan doch in foege put groeven en dêr koe er deis in pear glêzen drinken út krije. Doe dolde er noch in ein yn 'e groun op en dêr foun er boppedat ierappels. Mar fjûr hie er net, dêr siet er hwat mei. Lykwols, dy ierappels wiene sa wilich as âlde prommen en sa taei as figen, dat hy tochte, ik yt se mar rau op.
It libben koe er sadwaende hâlde, mar noflik wie oars. Hy sei tsjin himsels: ‘Ik moat sjen dat ik hjirwei kom, mar hoe? Hie ik mar in ein tou, dan koe 'k my sakje litte’. Fierder kaem er net mei syn prakkesaesjes, oant er ynienen útrôp: ‘Witt’ je hwat! Ik haw it hjir sa drok mei de grouwe luzen dea to knippen dy't my op 'e hûd om rinne. Ik plak de luzeterms allegear oanmekoarren, dan krij 'k op 't lêst in hiel lang tou'. Dat hy plakte de luzeterms - of hy knope se, dat kin 'k net mei wissichheit sizze, mar hy krige yn alle gefallen in lang tou, en dêr kaem er al moai ticht mei by de ierde. Dat koe er wol sjen, as er it sakje liet.
Op in stuit hie er syn nocht fan plakken (of knoopjen) en hy ornearre, nou is 't wol fortroud. Dat hy liet him sakje. Nou stiet dêr boppe by de moanne gjin wyn, mar doe't er tichter by de groun kaem, fielde er in knappe sigen en it spul slingere noch al hwat hinne en wer. Nou, doe kaem er hjir fuort boppe de Ouwer torjochte. Hy tochte, blikstiender, dit liket net bêst, hwant ik slingerje moai op 'e Tsjûkemar oan, en as ik dêr yn soal, dan ha 'k it noch net. Dat hy - mei in greate slinger - hy lit him los en komt er net yn it boskje fan 'e Lytse Polder, deun oan 'e Mar, to lânne! Hy skeat tsjin 'e beamkes oan, en dy brieken de fal, en doe kaem er op in sodde, dy't aerdich fearre en dêr't er net yn weisakke. It wie syn gelok, dat er yn 'e Lytse Polder delkaem, hwant hie it fyftich meter fierder west, dan hie er yn 'e Mar plúmpt.