fûgel ek sjoen?’ ‘Né’, sei de boer, ‘neat fan fornommen’. De advokaet sei: ‘Man, de hiele stêd wie der tsjuster fan, doe't er hjir oer fleach, sa'n greate fûgel!’ ‘Ik wit net’, sei de boer, ‘dat giet my to stûf, dat leau 'k net’. ‘Nou’, sei de advokaet, ‘freegje Jan, myn nije feint, mar!’ De boer giet nei Jan en seit: ‘Ei ju, mynhear seit, hjir is sa'n greate fûgel oer flein, hiele Snits wie der tsjuster fan. Dat lycht er fansels!’ ‘Nou!’ sei Jan, ‘nou! Ik haw him net sjoen, mar ik wol it hast al leauwe, hwant dêr by de Hommerts is sa'n great aei delkommen, der binne fjouwer man yn 'e djerre fordronken’.
In set letter kaem der in oare boer. Doe't de advokaet dêr de saken mei bipraet hie, frege er: ‘Hawwe jo it al heard? De Noardsé hat yn 'e brân stien’. ‘Hè!’ sei de boer, ‘dat bistiet net’. De advokaet sei wer: ‘Freegje Jan, dat is myn feint, mar nei!’ Hawar, de boer gong nei Jan ta, en sei: ‘Dy keardel wol my wysmeitsje, de Noardsé hat yn 'e brân stien, mar dat lycht er fansels!’ ‘Nou’, sei Jan wer, ‘nou! Ik ha 't net sjoen, mar ik wol it hast al leauwe, hwant it wiene hjir fan 'e moarn bitiid allegearre karren mei brette hjerring’.