efterdek. Spuite op it foarskip de tar út de naden fan 'e hjitte, dan wiene se op it efterskip oan it iiskapjen. Der waerd in jongmaetsje nei it foarskip stjûrd mei kofje. Doe't er dêr oankaem, seine se, dat it in skandael wie en lit sa'n âld man sok wurk dwaen. De sélju wiene mei boaten oan it netfiskjen yn it wetter dat troch de gongpaden roun.
It anker dat se op it skip hiene, wie sa alderforskuorrendste swier, dat as se dat in kear yn 'e groun setten en it skip hie noch in bytsje gong, dan sleepte it sleuven fan mear as tûzen meter djipte yn 'e boaijem fan 'e sé. As it anker mei in smak op 'e boaijem to lânne kaem, dan riisden der oan 'e oare kant fan 'e wrâld bergen op. Byhwannear't it anker oer in stiennige boaijem bigoun to krabjen, dan spatten der sokke greate fonken op dat it séwetter bigoun to sieden.
Men kin fan tinken wol ha, dat sa'n skip swier túch ha moast, hwant it hie hwat to hâlden as der in goede pûst wyn stie. Moast der in skuor yn in seil makke wurde, dan wiene der trije man nedich om de seilnuddel op to tillen en twa om der de tried troch to stekken. Elke stek waerd troch in hynder fêstlutsen. As se alle seilen der by hiene, wie der safolle wyn nedich dat it nearne oars op 'e wrâld waeide. Se sylden soms mei sa'n feart dat de sélju hurd foarút rinne moasten om nei efteren to kommen. Yn in stoarm foeren se oer sokke hege weagen dat se de ivige snie fan 'e krunen skeppe koene.
Dy reuzen, dat wie my hwat! As de kaptein oer board pisse, dan reinde it waerm wetter oer de hiele wrâld en doe't er boppe Nova Zembla ôfblaesde, waerd it swier waer oan 'e Sûdpoal. As er in prûmke oer board spuide, brûkten de séhounen it om der jongen op to krijen en de fûgels bouden der har nêsten yn. Doe't der in drip jenever út it glês fan 'e boatsman yn sé foel, waerden de walfisken dronken en spuiten se trije kear sa heech as oars. De skipper wist ek hwat sûpen wie. Altyd hie er toarst. En op in kear doe't it waerm waer wie, woe er in glês drank ha mei in stik iis der yn. Hy hat de drank opdronken, mar it stik iis dat yn 't glês oerbleau, hat er oer board smiten en op it plak dêr't it delkommen is, leit nou noch altiten it eilân Iislân. Se mochten har poarsje ek wol, dy reuzen. Mar op in kear hie de kok doch de romte fan iten sean: hy hâldde in protsje oer en omdat er net wist hwer't er der oars mei hinne moast, skepte er de griente oer board en der kaem sa'n greate bult fan op 'e boaijem fan 'e sé to lizzen, dat dêr is it eilân Grienlân út ûntstien. As de kok it lid fan 'e itensiederspot optilde, kaem der safolle stoom út, dat se fan it Kanael oant Grienlân gjin hân foar de eagen sjen koene fanwegen de mist. De ein wie der fan wei, sa great as de itensiederspot wie. Doe't se ris yn in stoarm bidarren, sloegen der mei in weach sawn fiskersskippen troch de patryspoarte nei binnen en dy kamen yn dy pot torjochte. En earst in wike letter ûntdieken se, dat se net mear op 'e sé oan 't fiskjen wiene, mar dat se al dy tiid yn 'e kôkpot fan it skip fan Sinter-Nút fiske hiene.
As de kok moal ôfwage moast foar de pankoeken, brûkte er oaljefanten as gewichten op 'e skealjes. De kat fan it koksmaetsje rekke opsluten yn in doaze, dêr't noch ien droege woarst yn siet. In jier letter foun er him wer. Hy hie jongen krige en der kamen njoggen wylde katten út de healopfretten woarst fleanen.
Mei dat reuzegreate ûngedierte wie it foar it gewoane folk oan board mar oppassen. Doe't der ris in wânlûs op 'e plasse fan in matroas foel, moasten se him mei in harsenskodding nei de hielmaster bringe. De gatten dy't de houtwjirms yn 'e spanten frieten, wiene greaternôch om der in sémanskiste yn op to bergjen. Yn 'e