makke mei dy slange, mar dou komst de doar net mear út’. En sels gong er alle moarnen mei syn beker waerme molke nei de sompe. Mar de slange kaem noait wer.
In skoftsje letter waerd syn dochter siik; hja rekke yn 'e tarring. En op in kear sei se: ‘Heit, it duorret net lang mear, dan bin ik dea. Wol heit my noch ienris it plezier dwaen en draech my nei it plak dêr't de slange út 'e sompe kaem?’ De heit droech har nei dat sté en sette har op 'e stobbe. Doe sei se: ‘Helje my in beker waerme molke!’ Hy helle har in beker mei waerme molke en gong wer yn 'e hûs. De slange kaem út 'e sompe, hy dronk de helte fan har molke op en liet wer in goudstik efter. En it bern wie fan dy tiid of wer soun. Dit gong in hiel set sa troch, dat op it lêst hiene se in hiele skat oan goud yn 'e hûs.
Doe briek der op in kear in greate feanbrân út en it sté dêr't se wennen, waerd hielendal ynsluten troch it fjûr. De heit sei: ‘Wy moatte bisykje om troch de sompe to kommen’. It famke antwurde: ‘Mar ik wol de slange noch ien kear molke bringe’. Se roun mei in beker waerme molke nei de stobbe ta en de slange kaem wer út 'e sompe. Doe sei se tsjin de slange: ‘Dit is de lêste kear, hwant it fean stiet yn 'e brân en wy forbaerne hjir’. En doe antwurde de slange: ‘Dat hoecht net. Ik sil jim wol helpe - ik bring jim nei de oare kant’. Se helle har heit en mem en sei: ‘De slange wol ús oer de sompe bringe’. Har heit naem de sek mei goudstikken op 'e rêch en sa rounen se nei de kant fan 'e sompe. De slange sei: ‘Gean my mar op 'e rêch sitten!’ en hy brocht har in ein troch de sompe hinne nei in droech plak yn 'e midden en dêr sei er: ‘Ik kin jim wol fierder bringe, mar hjir is 't sa weak en sa djip, hjir kin ik mar ien tagelyk drage’. Earst hiet er de dochter: ‘Klim dou my mar op 'e rêch!’ It famke gong him op 'e rêch sitten en hy brocht har nei de oare kant, nei it droege lân. Hy kaem werom en helle de mem. Dêrnei gong er noch ris werom om de heit to heljen. De man gong him op 'e rêch sitten, mar sels hie er de sek mei goud op 'e nekke. En doe sei de slange: ‘Dat kin net. Ik kin jo wol drage, mar jou goud kin 'k net meinimme. Dat moatte jo hjir litte’. De heit sei: ‘Dat doch ik net. Myn goud giet mei!’ Hja rekken sa deilis, dat op 't lêst pakte de man in tsjokke kneppel en hy sloech de slange dea. De man is noait út 'e sompe kommen.
Nei de tiid koe men noch wol troch de sompe komme, mar dan moast men it paed hâlde dat de slange makke doe't er de dochter en har mem fuortbrocht. Oan wjerskanten woeksen planten mei blommen dy't krekt liken op goudstikken. Fan dat paed moast men noait wike, hwant hwa't der njonken stapte om sa'n blom to ploaitsjen, dy sonk wei yn 'e sompe en fordronk.