wer yn 't sicht. It skipfolk waerd obsternaet. Se gongen nei de kommandeur en seine: ‘Dit is duvelswurk, oare jierren binne der altyd walfisken’. De skipper antwurde: ‘Klei mar net, dit is Gods wurk’. De bimanning praette der ûnderinoar oer en se seine: ‘Nou kin it ús neat mear skille - sadré't wy in walfisk sjogge, oft dy nou in jong hat of gjin jong, hy is uzes’. Mar op datselde stuit stiek der sa'n freeslike stoarm op, dat it skip koe it amper kropje. En doe't se it roer forspilen, kaem it dwers op 'e weagen to lizzen. De skipper dy't by it roer stien hie - hy hie himsels fêstboun om net fuortspield to wurden - tocht oars net as: ús ûren binne teld, wy geane mei man en mûs nei de djipte. Mar doe, ynienen, midden yn dy wylde weagen kamen der hûnderten walfisken út 'e djipte omheech en swommen om it skip hinne. En ta forbazing fan de skipper kearden en brieken se de weagen dy't dwers op it skip oanrounen. Ien weach lykwols kaem as in muorre omheech en stoartte him op en oer de walfiskfarder. De greate mêst gong kreakjend oer board, it skip sloech wrak en wie sinkende. Mar doe seach de skipper in greate walfisk mei in jong njonken har. Dy walfisk dûkte ûnder it skip en tilde it op syn rêch yn 'e hichte dat it net sinke koe. Sa hat dat skip dêr dagen omdreaun yn 'e stoarm, wylst de walfisken it bar om bar droegen. En doe't de stoarm útraesd wie, teach it skipfolk mei man en macht to wurk; se tichten it skip en setten de needseilen der by, sa dat it wer farre koe. En pas doe't it wer sylde, joegen de walfisken har ôf, allinne yn 'e fierte seagen se út en troch ris ien spuitsjen. Mar njonken it skip sworn noch altyd de iene walfisk mei har jong. En doe't dy ek fuortswommen, klom alleman yn mêst en want om se oan 't lêst ta nei to eagjen, hwant doe bigriepen se dan de wurden fan 'e skipper: ‘Dit is Gods wurk!’ Sûnt dy tiid hawwe se noait wer op in walfisk mei har bern jage.