Wolf en boerehoun
In wolf en in houn dy wiene út 'e fierte noch famylje. Op in kear dat se beide in kuijerke diene, kamen se inoar yn 'e bosk tomjitte en se bleauwen stean om in praetsje to meitsjen. ‘Dou sjochst mar hwat sunichjes ta’, sei de houn, ‘dou bist sa smel om 'e snút’. ‘Ja jonge’, antwurde de wolf, ‘it falt dan soms ek net tofolle ta om oan 'e kost to kommen. Ja, dou sjochst der oars wakkere skoan en glânzich út’. ‘Ik ha ek in bêst plak’. ‘Hwer wenneste?’ ‘Ik forkear dêr op dy boerepleats, dat in eintsje op. Kom mar mei; dou kinst miskien ek wol by ús komme. Wy hawwe sa'n bêste kost’. De wolf tocht, ja, dat kin wol. Togearre setten se de stap dy kant út, en sa't se dêr njonkeninoar rounen sei de wolf tsjin 'e houn: ‘Hea, hwat hastou dêr in keal plak om 'e hals. Hoe hast dat skipe?’ ‘Ja sjoch, ik sit tuskenbeiden oan 't kjetting’, sei de houn, ‘en dan skjirret de halsbân it hier der hwat ôf’. ‘O’, sei de wolf, ‘en leist dy dan sels frijwillich oan 't kjetting?’ ‘Né’, sei de houn, ‘dêr ha 'k neat oer to sizzen. Mar soms litte se my efkes los’. ‘O’, sei de wolf, ‘nou ju, ik wit net. Dan liket it my foar mysels doch net goed ta om op 'e pleats ta to hâlden. Ik ha de frijheit leaver - dan mar in bytsje minder fet’. En doe gyng elk syn wegen.