De houn mei de tsiis yn 'e bek
Der wie ris in houn, dy sneupte de boerehiemen ôf, oft der ek hwat fan syn gading to finen wie, hwant hy hie honger. Doe kaem er by in boerespul, dêr hie de faem in goede hoeke tsiis ôfskrobbe en dy lei ûnder op 't ammerrak. Hy tocht, jonge, hwat in lekker stik tsiis! Hy pakte it en naeide der mei út. Mar ûnderweis moast er oer in planke dy't oer de sleat lei. It wetter wie spegelglêd en doe't er midden op 'e planke wie, seach er nei ûnderen yn 't wetter. Dêr wie ek in houn! En fordeald, dy hie ek in stik tsiis yn 'e bek! Troch de wjerspegeling like dy hoeke him greater ta as syn