swolde. Hy praette hwat tsjin 'e Huw, kaem noch tichter by en streake him oer de rêch. De liuw die him noch neat en seach him earmhertich oan. Doe seach er dat er in greate toarne yn 'e poat hie en hiel foarsichtich loek er dy der mei de tosken út.
Nei in setsje koe de liuw wer rinne en joech him al ris bûten de hoale. Dat doarst de man net, bang as er wie dat se him sjen soene. It wie suver, oft de liuw dat bigriep. Trochdat dy it iten oanhelle en him foar de fuotten lei koe er yn 't libben bliuwe. De man en de liuw waerden trouwe freonen. Mar hy koe dêr net bliuwe, dat op in nacht teach er fierder en hy woe bisykje om oer de grinzen fan Egypte to kommen. Lykwols, hy foun earne in forlittene hutte en dêr libbe er in pear jier as hearremyt. Mar op in kweade dei kaem der in ploech romeinske soldaten lâns, de haedman koe him werom as de man dy't in legeroerste ôfgisele hie, sadwaende namen se him mei en hy waerd mei oare kristenen nei Rome stjûrd om dêr tsjin 'e wylde dieren to fjochtsjen.
It wie in tige sterke, rizige keardel. Doe't er yn 'e arena brocht waerd, krige er oars gjin wapen as in mes. It earste dier dêr't er tsjin fjochtsje moast wie in wolf. It gong forskriklik op in fjochtsjen, mar hy woun it. It twadde dier dêr't er it tsjin opnimme moast wie in úthongere hyena en dy gong der ek oan. Doe rôpen de taskôgers dat er syn libben fortsjinne hie, mar de caesar bitsjutte oars en sei: ‘Der is krekt in liuw binnenkommen, sa great en sterk as wy hjir noch nea earder hawn ha. Ik bislút, dat er tsjin dy liuw fjochtsje moat, en as er it libben der ôf rêdt, is er frij’.
Wer waerd er yn 'e arena set mei syn mes. Doe gong de poarte iepen dêr't de wylde dieren troch ynlitten waerden en der kaem in ûnbidich greate liuw yn. It dier hie al yn tiden gjin foer hawn en wie dûm fan 'e honger. De liuw stapte rjocht op 'e flechtling ôf, it hier rjochtrazend oerein. De man stie wer mei it mes yn 'e hân klear, mar hy fielde dat er nou forlern wie. Lykwols, doe't de liuw tichter by kaem, miende hy der hwat bikends oan to sjen en it wie ek krekt of de liuw wifke doe't er de man seach. Doe spriek er de namme út, dy't er altyd tsjin 'e jonge liuw brûkt hie, doe't se togearre yn 'e hoale forkearden. Sa gau as de liuw dy namme hearde, liet er de hierren sakje, hy lei de earen plat tsjin 'e kop oan en die de sturt tusken de poaten. Hy gong yn it sân lizzen en sa krûpte er nei de man ta. Dy hie him ek deljown en de liuw lei syn greate kop tsjin de man syn holle oan. Mei de earm om 'e liuw seach de man op nei de caesar. De taskôgers riisden as ien man oerein en rôpen: ‘Dit is in wûnder fan 'e goaden - dizze man moat frij!’ En sa krige er syn frijheit werom.