Hj erring en bot
De hjerrings lieten har der op foarstean dat se it hurdst swimme koene. Dat naem de bot net - hysels koe noch hurder, hwat oars! ‘Dat woe 'k dan wol ris sjen’, sei de hjerring.
Doe op in kear hiene de fisken in publyk feest en dêr wie ek hurdswimmen by. Doe bleauwen hjerring en bot der it langst oan en it gong om priis en preemje.
De hjerring hie syn eagen oan beide kanten fan 'e kop, dat dy koe net foarút sjen, en dat koe de bot wol. Doe skeat de bot de hjerring foarby. Dat seach de hjerring, doe't er him op 'e side kaem en hy sette syn finnen al út om foar to bliuwen, mar de hjerring koe 't net hâlde. De bot rekke foar en dy bleau foar. Mar doe seach er om, hwer't de hjerring bleau en hy flópte tsjin in grouwe balstien oan, dy't by de wâl lei. Syn hiele kop wie der bryk fan kommen to sitten en de eagen hie er skeef oan 'e kant. Dêrom hat syn neiteam noch altyd de kop op ien kant fan 'e bealich sitten.