De salm en de bear
In bear lei oan 'e kant fan in rivier efter in greate stien. In grouwe salm swom nei de kant en mei ien klap yn 't wetter wipte de bear him op it droege. De bear sprong op him ta om him dea to biten, mar de salm sei forwitend: ‘Hwat binne jo in rare keardel. Nou kaem ik nei jo ta om jo in deugd to dwaen en nou krij ik in klap tsjin 'e kop. Op sa'n manier fortel ik jo neat’.
De bear waerd nijsgjirrich en tocht, lit my mar efkes moaiwaerspylje, it mei ommers gjin kwea. Hy sei tsjin 'e salm: ‘Ik woe jo gjin pine dwaen, sjoch, mar ik wie bang dat jo fordrinke soene. Miskien ha 'k jo hwat to rimpen by 't nekfel pakt. Mar hwat woene jo my foar deugd dwaen?’
‘Sjoch’, sei de salm, ‘as it sa sit, sil ik dy klap mar oersljochtsje - jo diene it út goederbêst, moat ik bigripe. Ik swom niis midden yn 'e rivier en dêr seach ik in greate sek lizzen. Der siet in skuor yn en nou wiene der allegear fan dy moaije, roune dingen út rûgele. Se binne folle greater as jou eagen en se blinke as de sinne. Ik tocht, dat kinne wol ris goudstikken wêze. Ik haw ien yn 'e bek nommen om jo sjen to litten, mar jo sloegen my oan 'e kop en it goudstik is my út 'e mûle spat. As it echt-wier goudstikken wiene, hie ik se stik foar stik nei de kant bringe wollen en freegje jo hwat se wurdich binne’.