In foks forliest syn hierren wol...
Der wiene streupers, dy setten kninestrikken yn 'e bosk en doe hie de foks it ûngelok en rin mei de strôt yn 'e strik. Hy hie wol yn 'e rekken, dat er net talûke moast om los to kommen, hwant dan smoarde er himsels. Sjoch, de kninen dy wiene dêr to dom ta, dy bigounen to hoarten en sadwaende brochten se harsels om 'e hals. Dat de foks bleau stil sitten, mar hy tocht al by himsels, dit rint aensen forkeard ôf, hwant as de streuper komt dan strûpt er my krekt likegoed as in knyn, hwant it is him om it fel to rêdden.
En doe komt dêr in knyn lâns en dy sjocht de foks dêr sitten. Nou, de kninen hiene in goed hekel oan 'e foksen, dat hy hipte der mei in bôge omhinne, mar doe sei de foks tsjin 'e knyn: ‘Jonge, soestou dy trie net stikken krije kinne? Dou hast skerpe tosken en de bek stiet jim doch noait stil’. ‘Ik sil dy hwat roaze’, sei de knyn, ‘as ik dy kopertrie trochbyt, dan fretstou my op’. ‘Ik biloof it dy’, sei de foks, ‘dat doch ik net’. Dat de knyn haffele krekt sa lang dat er dy kopertrie trochbiten hie. Mar de foks wie goed en wol los, doe pakte er de knyn. Hy wie roppich wurden fan it festjen, doe't er dêr sa fêstsiet. De foks sei, wakker lilk op syn manier: ‘Dou bist ek in greate smearlap!’ ‘Hoe dat sa?’ ‘Moatst ris sjen, hoefolle hier ast my der by de hals út skuord haste!’ ‘Ja’, sei de knyn, ‘dêr koe ik ek neat oan dwaen - ik moast dy trie trochbite’. ‘Dat hiest wol gâns bihindiger dwaen kinnen’, sei de foks, en hy biet de knyn de strôt ôf en friet him op.
Doe wiene der kninen dy't dat op in ôfstân oansjoen hiene. ‘Och’, seine se, ‘in foks forliest syn hierren wol, mar syn streken net’. En dêr moat dat sprekwurd fan yn 'e wrâld kommen wêze.