De knyn wrotte krekt salang dat er in neil ûnder de flappe hie, de foks krige fan 'e oare kant hâldfêst en de falle wie iepen. Sadré't de foks frij wie, sprong er op 'e knyn ta en sei: ‘Ik byt dy dea en ik fret dy op’. De knyn sei: ‘Nou ha wy de hichte! Jo hiene jou earewurd jown en boppedat, jo meije net ûntankber wêze’. De foks sei, dat tankberens út 'e tiid wie - gjin libben wêzen leaude der mear oan en die der mear neffens. Dat ûntstried him de knyn en nei lang praten bisleaten se om de saek de earste de bêste trije dieren dy't se tsjinkamen foar to lizzen. De earste dy't se moeten wie in meager hynder. De knyn fortelde hwat de kwestje wie en it hynder sei: ‘Tankberens yn dizze wrâld? Praet my net fan tankberens - ik ha my myn hiele libben ôfbealigje moatten, foar de ploege en foar swiere weinen, en nou't ik net mear kin, bin ik oan 'e slachter forkocht en dy sil my út 'e hûd nimme. Al myn wrotten en wramen wurdt leanne mei de dea’.
De knyn seach raer op 'e noas en se rounen fierder. Se kamen in âlde krebintige herdershoun tsjin, dy't oan 'e kant fan it paed lei to hymjen. De knyn fortelde wer hwat de kwestje wie en de houn sei: ‘Tankberens? As ik dat wurd hear, moat ik al koarje. Doe't ik jong en sterk wie haw ik jierren en jierren op 'e skiep past en fjochtsje moatten mei wolven en bearen. Ik die it út leafde foar de baes. Doe't er in kear ûnderstoude yn in sniejacht en oars sûnder mis deaferzen wie, bin ik op him lizzen gongen om him waerm to hâlden. Doe't er yn 'e rivier foel en fordrinke soe, haw ik him mei myn tosken nei de wâl skuord. En hwat is myn lean? Nou't ik âld en krebintich bin, hat er in oare houn nommen en ik bin ta de doar út skopt om fan 'e honger to stjerren. Tankberens? - dy is der net op dizze wrâld’.
De knyn hie mar swak moed mear. Doe kamen se as tredde in hazze tsjin. De knyn die syn forhael wer en de hazze harke mei sawn pear lange earen. Doe't de knyn útpraet wie, sei de hazze: ‘As ik it goed foar 't forstân haw, dan siet de knyn yn 'e kiste, doe't de foks der oan kaem.’
‘Né’, sei de foks, ‘ik siet yn 'e kiste en de knyn kaem der oan’.
‘O ja’, sei de hazze, ‘en fan hokfoar hout wie dy kiste makke?’
‘Dat wit ik net’, sei de foks.
‘Dat is minder’, sei de hazze, ‘mar hoefier wie de knyn fan jo ôf, doe't jo oan him rôpen?’
‘Dat wit ik ek net’, sei de foks.
‘Dat is noch minder’, sei de hazze, ‘mar witte jo dan faeks ek, hoelang as jo wurk hawn hawwe om út de kiste to springen?’
‘Net krekt’, sei de foks.
‘Dan is de hiele saek my noch sa tsjuster as de nacht’, sei de hazze. ‘Dan moatte wy mar mei-elkoar nei it plak ta dêr't dit bjusterbaerlike stik him ôfspile hat’.
Se gongen werom en de hazze sei: ‘De kiste is fan swier ikenhout’. Hy sei tsjin de foks: ‘Dat liket gunstich’, en tsjin 'e knyn: ‘Gean jo op it plak stean dêr't jo de foks roppen hearden’. De knyn die it.
‘Kloppet dat?’ frege de hazze oan 'e foks, en dy knikte.
‘Nou geane jo yn 'e kiste’, sei de hazze tsjin 'e foks, ‘en op myn “ja” stouwe jo der like hurd út as de earste kear. Jo rinne sa hurd as jo kinne nei de knyn en jo pakke him. Fierder sykje jo it sels mar út hwat jo mei him dwaen wolle’.
De foks gnyske falsk nei de knyn en wipte yn de kiste. De hazze liet it lûkje efter him tichtfalle en sei: ‘Jo hawwe gelyk: tankberens is der net op dizze wrâld. Mar ik sjoch jo leaver yn 'e falle as der út’ - en de hazze en de knyn sprongen togearre de bosk yn.