It gebed fan 'e guozzen
Op in moaije dei rounen de guozzen meiïnoar flak by de pleats to weidzjen. Der stie lekker koart gers. En sa yn 'e ploech, dan is 't o sa gesellich, gerskje en snetterje, sa ha je net. Se kuijeren mar troch. Se wisten oars wol dat se richte by de pleats bliuwe moasten. Mar hyltyd seagen se in eintsje fierder wer moaijer gers en keuveljendewei wraggelen se dêr dan op ôf. It smakke sa skoan, se koene net sêd. Mar se wiene njonkelytsen in moai eintsje fan 'e pleats ôf rekke. En dêr ynienen stie de foks midden tusken har yn. Hy die al in hael nei ien fan har, mar doe sei de âldste goes: ‘Foks! Stean ús noch ien gunst ta. Lit ús, foar't ús lêste ûre slacht, doch noch ien kear meimekoar bidde!’ De foks seach it hear ris oer. Hy tocht, hwerom sil 'k dat net dwaen? Hy hie in luftich sin, der stiene him ek safolle hearlikheden to wachtsjen. Hy sei genadich: ‘Gean jim gong mar!’ En dêr setten de guozzen meimekoar út ein mei bidden. Hwa't noait ris guozzen meiïnoar bidden heard hat, kin 't him net bigripe, hoe't dat der om wei gong. De loft wie fol gesnetter. De foks tocht, nou woe 'k wol dat 'k it amen ris hearde, mar der kaem gjin ein oan dat gebed. Op 't lêst hie er syn nocht. ‘Nou moatte jimme ek ris amen sizze!’ ‘Jawis, wy binne dalik útbidden’, seine de guozzen, ‘noch efkes geduld, foks! Bitink doch, it is de lêste kear dat wy meiïnoar bidde kinne’. ‘Nou, dan noch even', sei de foks, mar meitsje it net lang’. En dêr bigounen se fan nijs oan to bidden, noch helte fûlder. It snettere ta de loft út.