De foks, de bok en de sek mei woartels
In foks en in bok dy hiene beide frijhwat in holle mage. Doe ried dêr in wein lâns mei sekken woartels. Yn 'e bocht rôlle dêr ien sekfol by del; de man fornaem it net en ried troch. ‘Dy woartels binne foar my’, sei de foks. ‘Dou silst der wol ôf bliuwe’, antwurde de bok, ‘it binne mines. Woartels is krekt bokke-iten’. De foks liet de tosken sjen en dêr stiene se foarelkoar oer. Se kreauden noch hwat troch en doe sei de foks: ‘Wy kinne hjir wol stean bliuwe to tsieren, mar dat jowt ús neat. Wy moatte der mar om wedzje. Sjoch, dêr stiet in peal. Hwa't nou dy peal om kriget, dy syn sek woartels is it’. ‘Dat hâldt’, sei de bok, ‘in kâld kunstje foar my’. De bok naem in goede oanrin en doe der op ta, mar de peal stie stevich yn 'e groun. Noch in kear of fjouwer raemde de bok der op yn, doe knapten him syn moaije greate hoarnen by de kop ôf. Mar de peal stie noch like fêst as tofoaren. Nou wie it de foks syn bar. Hy bigoun om 'e peal hinne to graven. Dat holp, mar doe't er omfoel - it wie in swiere peal - rekke er ien fan 'e foks syn efterpoaten en dy wie stikken. Mar de peal lei om. De bok sei: ‘Nim dou de woartels mar. Ik hoech net mear - de kop docht my sear’. De foks sei: ‘Ik kin der net iens mear by komme’. Mar doe't er efkes yn bistân stien hie, krukte hy der doch mar hinne. Mar de man op 'e wein hie ûnderwilens sjoen dat er in sekfol kwyt wie, hy roun werom en naem de sek mei woartels mei, krekt foar de foks syn noas.
Hiene se nou it spul earlik dield, dan hiene se de bút binnen hawn.