De gremitige houn
Der wie ris in houn dy't net fan him ôf bite doarst. Hy kaem as jong bist al ûnder de hounekarre en hy krige mear klappen as fretten, mar noait soe er de tosken bleatlûke. Ek as de bern him narren en nytgen, siet er to triljen mei de sturt tusken de poaten. Hy seach der út as in wylde bear, mar hy hie it hertsje fan in laem. Dat die bliken doe't er oernommen waerd troch in fjildwachter, dy't wol ris fjûr yn him bringe soe. Hy waerd opfitere mei swipe en riem, se skuorden him it iten foar de hongerige strôte wei, mar hy bleau in sleauwe sulle. Hy kaem by in boer to lânne, as hiem- en kettinghoun, en dêr waerd er skopt en slein troch boer, bern en boaden, mar noch koe er net fan him ôf grauwe.
Op in joune briek de healforgongen halsbân, dêr't se him oan fêstlizzen hiene en foar it earst sûnt jierren fielde er him frij. Hy sette de sokken der yn en fleach de heide op. Dêr gong er lizzen en tocht nei. Hwat langer as er dêr lei, hwat lulker as er waerd. Dy greate smearlappen, dy forrekkelingen, stapelgek hie er west. Hy hie se fan it bigjin ôf nei de strôte fleane moatten. Deabite hie er se moatten, útelkoarropje, toskuorre en forgrieme. Hy waerd hyltyd lulker, it skûm stie him op 'e bek. Nou, op dit stuit, fielde er hwat er allegear dwaen kinnen hie. Mar noch wie it net to let. Nou soe er sjen litte hwer't er ta yn steat wie. Nou soene se it fiele!
Hy die de bek mei de greate wite tosken iepen en biet himsels yn ien kear in poat ôf - dat wie de strôte fan dy forflokte hounekarrekearel. As in wyld gnaude er himsels de oare poat der ôf - dat wie de fjildwachter, dy't him sa ôftichele hie! Iderkear wylder bigoun er himsels to biten, en doe't er klear wie mei alle lju dêr't er hwat mei ôf to rekkenjen hie, leine der oars neat mear as hwat ôfkluide bonkjes op it plak dêr't de houn lein hie.
Sa giet it ek mei de minsken. As men net op 'e tiid fan jin ôf byt, dan fret men jinsels op it lêst op.