Hwa is 't lekkerst, fisk of baerch?
In baerch en in fisk wiene ris oan 't harsenskraebjen, hwa fan har beiden troch de minsken it lekkerst foun waerd. Doe sei de fisk: ‘Dou kinst dy nou wol hwat forbylde, mar dou bist mar in fiis, ûnhuerich bist, dou rôllest dy yn modder en drek en wy binne altyd like skjin. Sadwaende gripe de minsken earst nei ús, pas as se sahwat fan 'e honger omkomme, is de baerch oan bar’.
Dat wie de baerch lang net mei de fisk iens. ‘As se dy ite’, sei er, ‘dogge se neat as spuijen, oars forsjitte se yn 'e graten. It is út need dat se mei dy bigjinne, sa is 't al. Se spuije dy út, mar as se my op ha - it stik dan dat har fan my tapart is - dan slikje se har de fingers noch ôf.