De lânmûs en de berch
Der wiene in pear lânmûzen dy't in soan krigen. Fan it bigjin ôf oan wie de jonge sa skrutel as in mûs en deabinaud fan alles en elkenien. Doe't it in jongfeint wurden wie, ornearren syn âlden, hy moast de wrâld mar ris yn om in keardel to wurden. It hie noch al hwat fuotten yn 't gat, ear't se him safier krigen, hwant sa gau as er de kop bûten de hoale stiek waerd er skitende binaud foar de sinne, de beammen en de wolkens.
Op it lêst soe it dan doch wêze en hy teach de wide wrâld yn. Doe't er de hiele dei roun hie, kaem er oan de foet fan in ûnmeugend greate berch. Der omhinne doarst er net, dat hy bigoun mar to klimmen. Hy kniep de eagen stiif ticht en bûkele oer kluten en stiennen omheech. Hy rekke de tiid bjuster en hie it gefoel dat er dagen oan it kliuwen en wrakseljen west hie, doe't er lang om let boppe kaem. Healdea en hielendal oerstjûr lei er dêr in setsje to bikommen, wylst de wyn him yn 'e earen gûlde. Doe't er einlings en to'n lêsten de eagen iependwaen doarst en nei ûnderen kipe, seach er dat er boppe op in mollebult lei.