Ta de kening syn jierdei
De dieren wisten, dat it dan en dan kening liuw syn jierdei wie en se leine meiïnoar oer, hokfoar presintsje oft se him jaen soene. Mar se koene net út 'e rie komme, de iene sloech dit foar, de oare dat. ‘Mei ik it wurd ek efkes?’ frege de foks. 'My tinkt, in moaije fearrekrânse. Ja, ja, dat wie yn 'e oaren har eagen in goed idé. En dan moast der efkes in ferske by songen wurde troch ien dy't in moaije stim hie en goed muzikael wie. ‘Ja’, sei de pau, ‘dat is tige yn oarder. Mar myn fearren binne fiersto ûneachlik, dy kinne wy de kening net forearje. Mar myn freon dy't dêr sit, it gealtsje, dy hat fan dy prachtige egael-grize fearren. As wy him nou ris keal plôkje, dan sjong ik in serenade foar de kening’. Doe laken alle dieren him út. Se seine: ‘Is it dy yn 'e plasse slein! Dou greate oaije aste biste. Wy sille it krekt oarsom dwaen’. Se plôken de pau syn moaije sturt út en dêr frisselen se in krâns fan en it gealtsje hat der by songen.