De akster die it him prikje foar prikje foar en de houtdou die neat as mei de kop knikken en mompeljen: ‘Sa giet it goed, sa giet it goed!’ doe't er it sels dwaen moast, smiet er wer hwat tokjes op in bultsje en rôp: ‘Ut de noed, hjoed giet it goed!’ en hy fleach fuort. De akster waerd sa lilk, dat er him neirôp: ‘Kom tobek, forrekte gek! Tobek gek, tobek gek!’
De houtdou mient by 't foarjier, dat er diskear in goed nêst meitsje sil en hy ropt dan: ‘Ut de noed! Hjoed sil it goed!’ Mar sa gau as er aeijen lizze sil, ropt er: ‘Oeh! Ik woe dat 'k it koe! Oeh! Ik woe dat 'k it koe!’ De akster hat de houtdou noch net sjoen of hy ropt: ‘Kom tobek, forrekte gek, gek, gekgek!’