De mûs dy't in hazze fange woe
In hazzewynhoun hie syn plak yn 'e stâl fan 'e jager en dêr húsmanne ek in mûs, in lytse mûs. Dy twa koene wakker mei-inoar. De wynhoun spriek tige fan de jachtaventûren dy't er mei de jager bilibbe. ‘As ik der net wie’, sei er, ‘dan krige de baes gjin hazze; och heden né!’ It gong it mûske suver oan. Hy frege himsels ôf, soe ik ek net kinne hwat dy houn kin? Op in goeije dei tocht er, jonge, it waer is skoan, de loft is klear: ik sil sjen oft ik ek net ris sa'n set dwaen kin. Dan ha ik de wynhoun ek hwat to fortellen. Hy sette him to skoar en hy gong op reis. Ja, dêr seach er yn 'e fierte al in hazze oankommen. Hy sei tsjin himsels: nou goed de moed der yn, dan sil ik him fange! Mar doe't it bist tichterby kaem, seach er, it wie gjin hazze, mar in kat! De mûs soe der noch gau út naeije, mar it wie al to let. De kat sprong ta. Ien-twa-hap!