De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 356]
| |
bigoun tsjin 'e foks to preekjen: ‘Miskien witte jo it net of wolle jo it net leauwe, mar ik siz jo, dat der in tiid komt dat jo skrieme sille om itjinge jo nou by jou libben misdogge. Dat libbet mar fan 'e iene dei yn 'e oare, sûnder om de ûre fan jou dea to tinken. Mar dy ûre kin gauwer komme as jo tinke, en hwat dan? Dan wurde jo nei de hel stjûrd. Glimkje net, hwant jo witte hwat jou foarlân is! Se sille jo mei gleone tangen yn 'e bealich knipe, it hier sille se jo by lytse topkes ut 'e hûd ropje, en wylst jo de poaten byelkoar boun binne, sille se jo ynwriuwe mei jittik, sâlt en piper!’ De foks wie ûnder dizze wurden ynelkoar krompen en siet op in roungear protsje to jammerjen fan ellinde. Triennen rôllen him by de wangen del en snokkend frege er de hazze hwat er dwaen moast om oan it fordjer to ûntkommen. De hazze sei: ‘Lit dy mûs rinne en bikear jo, dan is der noch in hiel lyts kânske’. De foks liet de mûs rinne en sei tsjin de hazze: ‘Hwat is 't my nou rom om 't hert; ik fiel my wer lokkich. Man, hwat kinne jo oer 't goede prate - jo moatte in hillige wêze. Lit my mei jo fûstkje’. De hazze stiek de rjochter foarpoat út; de foks loek him nei him ta en friet him op. Gnyskjend slikke er him om 'e bek en sei: ‘As der doch mar sa'n lyts kânske is dat ik bûten de hel bliuw, dan kin 'k earst noch mar better in fette hazze biplúzje’. |
|