Hwa sil de kat de bel oanbine?
De mûzen wennen yn 'e skuorre en dêr hiene se it skoan, hwant se koene altyd wol ite fan it sie en oare fjildfruchten dy't dêr opburgen wiene. Mar de boer hie in kat en dy makke har it libben sûr. Hy koe der sa súntsjes oanslûpen komme dat se him net hearden en dan sprong er ta en friet ien fan harres op. Doe seine de mûzen tsjininoar: ‘Dêr moatte wy ris hwat oan dwaen’. Se hâldden in algemiene gearkomste en dêr bisprieken se de frage: ‘Hoe moatte wy dat ha?’ Nimmen dy't it wist. Ien sei: ‘As wy him mar oankommen hearden. Hy moast eigentlik in bel om 'e hals ha’. ‘Ja’, pipen se allegear, ‘dat soe in baes ding wêze. Dan hearden wy him fan fierrens en wy koene meitsje dat wy út 'e wei kamen’.
Se kochten in moaije bel, mar doe fregen se: ‘Hwa sil him de kat oanbine?’ Hwant hwa fan harren de kat mei dy bel binei kaem, dy soe er oankommen hearre en dan hie er him al to pakken, ear't it oan 't oanbinen ta wie. Net ien dy't sa dryst wie en byn de kat de bel oan. Dat it hiele moaije plan kaem neat fan op 'e hispel.