It nije pak
De wolf en de foks wiene foar de safolleste kear togearre op reis. De wolf learde mar noait ôf, dat er de foks net fortrouwe koe. Hy kaem altyd wer op him torjochte, al hoe faek as dy him in loech ôfsjoen hie. Se rounen in boskpaed del, doe fleagen dêr allerhanne fûgels lâns en de iene hie al moaijer fearren as de oare. Doe sei de wolf sa: ‘Dêr hie 'k nou ek noch wol ris sin oan, om sa'n moai pakje oan to hawwen as dy fûgels’. Winterdei roun er altyd mei de honger yn 'e hals, mar nou wie 't simmer en nou woe er dan ek wol ris goed mynhear wêze. ‘Hoe'n pakje soest dan eigentlik ha wolle, myn jonge?’ frege de foks. ‘Dêr ha 'k nou al in hiel skoft oer roun to prakkesearjen’, sei de wolf. Mei fleach dêr in houtakster lâns. De houtakster hat prachtige bûnte fearren. ‘Hun!’ sei de wolf, ‘dat wie nou krekt it pakje dêr't ik om sochte’. ‘Oho!’ rôp de foks, ‘mar dat is de muoite net wurdich, jonge, dat is sa mar to krijen’. ‘Hwer hast it oer!’ ‘Dat sil 'k dy útlizze. Sjoch, dêr leit hea. Dat is skodde - as we dêr nou togearre in fikse bult fan meitsje en dy hâlde we goed los, dan bliuwt er gleon fan 'e sinne. Dêr giest yn lizzen en dan dogge de waermte en de strielen fan 'e sinne it oare wol. Ast der dan wer út komste, bist al knap forkleure en komst de houtakster al moai binei. Byhwannear't it hjoed net hielendal nei 't sin is, dochst it moarn wer oer, as de sinne skynt’. ‘Nou’, sei de wolf, ‘dat is sachs to bisykjen. Wy moatte mar hurd oan 'e gong’.
De wolf skuorde him hast oer de kop om it hea byinoar to krijen en de foks holp