De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 354]
| |
wij dêr ús part fan?’ Hy wist net hoe't er it oanlizze soe. As se op dy karre sprongen, fornaem de man it dalik. ‘Ik wit goeije rie’, sei de foks. Se drave in ein troch in boskje en komme wer foar de karre by de wei. En dêr giet de foks foar dea oan 'e kant lizzen, hwat ryklik op it paed. It hynder wykt hwat fansiden om der omhinne to rinnen en dat fornimt de fuorman. Hy tinkt: in deade foks, dat is de muoite wurdich. Dy hat grif oansketten west. Ik moat doch mei de fisk nei de stêd, lit my de foks meinimme, ik bar grif knap jild foar de hûd. Dat hy smyt de foks efter boppe op 'e fisk. Mar doe't er wer goed en wol ried, slûpte de wolf út it boskje wei en roun stiif efter de wein oan. De foks rearde sûnder dat de man it murk de fisken fan 'e wein. Se hiene ôfpraet, de wolf soe se oan 'e kant lizze en dan partten se se togearre. Mar de wolf wie lyk as altyd roppich en dy skobbe se nei binnen, sa hurd as er koe. Allinne de graten liet er oer. Doe't de foks tocht, nou ha 'k der genôch ôf smiten, sprong er linich fan 'e wein. De fuorman hie nearne euvelmoed yn hawn en ried rêstich fierder. Doe hie de wolf in bealich as in waeitonne, sa hie er fretten en der leine oars net as graten njonken de wei. ‘Hwer hast myn fisk?’ frege de foks. ‘Hjirre’, sei de wolf, ‘dy graten, dêr kinstou wol mei ta’. De foks wie pûr, mar it joech him neat. De oare dieren hearden dat ek, hwant de wolf liet him der noch al hwat op foarstean dat er de foks sa foar de kroade riden hie. De foks waerd der bêst om útlake en dêr krige er skjin syn nocht fan. Hy tocht, wachtsje mar, heite, ik krij dy wol wer. De gelegenheit die him net sa hiele gau foar, mar lang om let kaem syn tiid doch. |
|