‘Ja’, sei de foks, ‘mar dat ûntstelst de bijen wer’. ‘Dat mei sa wêze, mar dêr hoech ik tominsten net ien foar dea to meitsjen’. ‘Mar se geane like goed dea, hwant it is har wintertarring. Né, ik wit der mar ien middel op, mar ik bin allinne net mânsk genôch om it út to fleren’. Doe woe de bear perfoarst witte, hwat middel dat dan wie.
‘Sjoch’, sei de foks, ‘ik prakkesearje der wol ris oer om bouboer to wurden. Mar oan in hynder kin 'k net komme fansels, en iksels kin de ploege net lûke’. ‘Nou’, sei de bear, ‘dat soe it slimste net wêze. Soene wy dan net yn 'e mande kinne? Ik kin myn poarsje wol tille, en de ploege ek wol lûke’. ‘Doest it der oer hieste, kaem it my al yn 't sin, mar ik woe it dy net freegje’. ‘Mar dan bistou myn man’, sei de bear.
Dat dêr de maitiids, de bear foar de ploege en de foks trêdde der efteroan, sa't it hiet om de ploege to stjûren. De bear bealige de gânske dei, dat jouns pipen him de lea en de foks gniisde him ynwindich út. ‘Hwat moat der yn?’ frege de bear, doe't it ploeijen dien wie. ‘Wy moasten fan alles hwat ha’, sei de foks, ‘dan fiskje wy altyd mei in iepene mole. Wy moatte weet hawwe, wy moatte rogge hawwe, wy moatte hjouwer hawwe, en koarn. As it iene net waekse wol, dan waekst it oare wol. Dan sizze wy krekt as dy boer dy't koal en turf hie: Waret it net op myn lantsje, dan waret it op myn brantsje, mar ik tref it altyd’. Dat like de bear ek skoan ta.
Dat se siedden der fan alles yn. Doe't it ryp wie meande de bear it en de foks boun it byinoar, hwant sichtsjen hiene se noch net leard, mar dat hindere neat. En doe waerde der dan tursken - dêr hie de bear wer lea foar - en se brochten it nei de mole. Se soene it earlik parte en dan woegen se it net, mar se meaten it by de heale mudde. Mar doe paste de foks op dat hysels it sie krige en de bear de hjouwerkleijen en de hulen en de doppen. En doe sei de bear al: ‘It is krekt oft dines folle rouwer klinkt as hwannear't ik myn sie mealle lit’. ‘Dat wol ik wol leauwe, jonge’, sei de foks, ‘mar ik ha der ek in ûngelok mei hâlden: ik ha it op in damp plak hawn to lizzen en dêrtroch makket mines in hiel oar lûd’. Dat leaude de bear al wer.
Mar de bear syn sie siet neat yn. Hy friet, man, hy koe de Hommerts en de Jutryp wol op, mar sêd waerd er net. Hy wie al ridlik gau troch syn wintertarring hinne en doe hie de foks noch genôch. De bear kaem by de foks en frege: ‘Hoe sit dat, hastou noch foarrie?’ ‘In bytsje al, en dêr kinst ek wol hwat fan krije, mar ik ha net sa folle’. De bear sei: ‘It is my lilk ôffallen’. De foks tocht, ik moat him doch mar oan 'e praet hâlde, hwant wy moatte takomm' jier al wer. Dat hy fuorre him troch 't rip en de bear foel hast fan 'e bonken. Hy fielde der sadwaende neat foar om wer foar de ploege - dêr wie er ek amper mânsk genôch ta. Sadwaende hie de foks himsels ek noch to fiter.
De bear fette syn âld hantwurk wer op en fan need moast de foks doe ek wol. Hy seach der oars al tsjin oan, hwant hy wist dat de boeren op him loerden, omdat er de hinnehokken neiseach. Mar der siet oars net op.