De foks en it hynder
Yn 'e Feankleaster bosken wie ris in foks, dy moast oerdei de kost biskarrelje foar himsels en syn nêst mei jongen. Op in kear dat er der wer op út wie wierre it him allegear tsjin. De wylde knyntsjes wiene him to gau ôf, lit stean de hazzen, en de boeren hiene in houn op 't hiem, dat der wie gjin hin binei te kommen. Hy hie de hiele middei al omswurven en hy roun mei de honger yn 'e hals. Der moast foroaring komme. Hy stiek in stik lân oer en doe seach er dat dêr in hynder plat tsjin 'e groun lei. It lei dêr to sliepen, hwant it wie waerm waer, mar de foks tocht, dy is grif fan 'e jagers oansketten en hjir delfallen. Dat tref ik! Mar hoe krij ik dy greate bout mei nei hûs? Ik kin him net yn 'e bek nimme. Mar hy krige in snoad idé. Wacht even! sei er.
Hy knope de hynstesturt oan syn eigen sturt fêst en bigoun to skuorren. Mar yn pleats dat er syn bout fan 't sté sleepte, waerd it hynder wekker en it sprong oerein. It trobbele it lân op en del en de foks gong mei. Hy moast efterstefoar rinne en dat foel lang net ta. De lytse dieren kamen op it trelit ôf, de hazzen en de kninen, en dy laken har slop. Hja rôpen (it wie de Kollumer kant oer): ‘Skrip teugen, Reintsje, skrip teugen!’ Mar de foks rôp (ek yn 't Kollumers, hwant dat koe er likegoed as Frysk): ‘Hoe sude ik teugenskrippe? De nagels flige my fan 'e poaten of!’
Mar doe liet de knoop los dy't de sturten oaninoar forboun. It hynder trobbele fierder en de foks sloech in pear slaggen oer de kop. Efkes bleau er lizzen, heal yn 'e sûs. De hazzen en de kninen setten sokken, dat doe't de foks wer by syn sûpe en stút kaem, wiene se nearne mear to sjen. Mei de sturt tusken de poaten roun er nei hûs en de jouns moasten se sûnder iten op bêd.