Goeddwaen
In jonge lânmûs dy't noch keal wie, krûpte ris ut it mûzegat en fordwaelde yn 'e greate wrâld. De oerdeis, doe't de sinne lekker skynde, koe er it wol sahwat hurde, mar doe't de sinne hast yn 't nêst wie, waerd er oan 't hert ta kâld. Oan 'e kant fan in paedtsje siet er alderearmhertichst to skriemen en to piipjen.
Der kaem in kou lâns en dy krige bigreatsjen mei it forlittene, keale en forklomme beestje. ‘Ik soe dy wol graech helpe wolle’, sei de kou, ‘mar dou bist winlik yn alles to lyts en to fyn foar my. Mar waermmeitsje kin 'k dy yn alle gefallen’. De kou draeide him om en skiet boppe op it mûske. It lânmûske wie nou wol waerm, mar it siet der hielendal ûnder en doe't it syn kopke ta de dridze út wrotten hie, moarte en pipe it noch helte lûder.
De foks kaem der ek lâns en doe't er it mûske gûlen en piipjen hearde, spriek hy der skande fan, dat dy stomme kou boppe op sa'n ûnnoazel mûske skiten hie. Hiel foarsichtich loek er it beestje der út en bigoun it hielendal skjin to wriuwen. Mar doe't er it sûkerskjin hie, like it him doch wol in smaeklik hapke ta; hy stiek it tusken de kiezzen en kreake it.
Troch minsken dy't jin helpe wolle, bidarret men fakentiden yn 'e stront, en minsken dy't bigjinne mei jin op to poetsen, frette jin op, as se tinke dat men skjin genôch is.