Hazze en ychelbaerch
In hazze gong in kear it lân lâns om by syn koal to sjen en dy stie der mar wakkere skoan foar. Op 'e ein fan it lân seach er in ychelbaerch yn 'e goatte sitten. Dy sei: ‘O, ha we jo dêr!’ ‘Ei ja, ik seach ris by myn koal en nou sil ik dêr en dêr even hinne. Ja, safier komme jo fansels net, hwant jo kinne hast net út it sté komme’. ‘Nou’, sei de ychelbaerch, ‘dat falt jo soms ek noch net ôf. Miskien, as wy nou elk ris in goatte nimme, dat ik wol earder op 'e oare ein bin as jo’. ‘Och, hwat is my dat foar in gepoch en geblaes’, sei de hazze, ‘dat liket ommers nearne nei!’ ‘Nou, lit ús it mar ris bisykje’, sei de hazze. ‘Oannommen! Mar hjoed moat ik noch fuort - sil it moarnier mar wêze?’
Mar de jouns praette de ychelbaerch mei syn wyfke. ‘Dy hazze is altyd sa wetich’, sei er, ‘dy sille wy ris in leske leare. Dou moatst mar op 'e oare ein yn 'e groppe sitten gean en dan ik op dizze ein’.
Goed. De oare moarns dêr forskynde de hazze. ‘Kom, binne jo der al?’ ‘Ja, ik bin der klear foar’. ‘En jo wolle noch biweare, dat jo like hurd rinne kinne as ik?’ ‘Ja, ik bin earder op 'e ein as jo’, sei de ychelbaerch wer.
Nou, de hazze telde trije, en dêr stoude er hinne, de iene goatte del, sa hurd as er koe. Mar doe kaem er op 'e oare ein en dêr stiek de ychelbaerch de kop op út 'e oare goatte en rôp: ‘Ik bin der al!’ ‘Wel, hoe is 't mooglik!’ stammere de hazze, ‘wy sille noch ris. Nou werom nei de miet!’ Hy fleach syn goatte wer del en dêr hie men itselde. ‘Dit is in nuver spul!’ sei de hazze, ‘mar wy sille noch in kear’. En foar de twadde reis fleach er de goatte del nei de oare ein, mar wer rôp de ychelbaerch: ‘Ik bin der al!’ De hazze koe mantsje- en wyfke-ychelbaerch net útinoar; hy tocht net oars as dat ien en deselde ychelbaerch de oare goatte lâns flein wie. Werom wer fan 't selde. ‘Trijeris is skippersrjocht’, sei de hazze, ‘noch in kear’, en hy fleach hwat er fleane koe. ‘Ik wol 't net leauwe!’ hime de hazze, doe't de ychelbaerch al wer fan ‘Ik bin der al!’ rôp, ‘lit it ús noch ris bisykje’. En hy fleach en hy fleach syn hurdste,