De pod en de okse
Der wie ris in pod, dy bûkele hwat op 'e kluten yn 'e tún om. Oan 'e oare kant fan de sleat roun in okse. Doe tocht de pod, och, och, hwat is dat in great beest! It wie him yn 'e wei, hwant hy miende dat er sels al sa great wie. Hy woe net minder wêze as de okse en hy ornearre, dan moat ik my mar opblaze. Hy blaesde en hy blaesde, hy die al syn muoite, mar hy koe de okse doch lang net bilykje. Noch efkes blaze, nóch efkes! En doe blaesde er sa bot, dat op 't lêst barstte er. Dêrom wurdt der noch altyd sein: ‘In pod kin him salang wol opblaze dat er barst’.