Bidden leare
Der wie ris in earrebarre dy't oan 'e sleatskant in grouwe kikkert by de poat krige en him opfrette woe. De kikkert bigoun alderoatmoedichst to gûlen en hy kwêke: ‘O leave earrebarre, ik wit dat ik de dea fortsjinne ha, hwant myn siel is swart fan misdieden. Mar krekt dêrom sjoch ik der sa tsjin oan om to stjerren. Lear my hoe't ik bidde moat, ear't jo my opfrette!’
De earrebarre koe it net oer syn hert krije en slok immen dy't sa'n birou hie samar troch. Dat hy sette de kikkert yn 't gers. Hy sei: ‘Jo dogge de hannen gear en de eagen ticht. Dan slane jo de eagen op nei de himel en jo sizze: Heare, forjow my! en dat is alles’.
Mar de kikkert stiek de iene poat omheech en de oare foarút; hy seach nei de groun en hy rôp: ‘Heare, fortrou my!’
‘Hjir doocht neat fan!’ sei de earrebarre, ‘ik sil it jo foardwaen’. Hy die de poaten gear, seach omheech en rôp: ‘Heare, forjow my’.
‘It is jo forjown’, hearde er de kikkert kwêkjen, en dy plûmpte yn 'e sleat.
Dêrom lit de earrebarre in kikkert noait wer los, as er him ien kear by de poat hat.