Hastou ek talhouten bisteld?
Foarhinne wie der to Ljouwert in korps fan strjitmuzikanten, dat hjitte fan De Skylfisken. Dêr wie in pistonblazer by dy't in skeve nekke hie - sadwaende praetten oaren ek wol fan It Skeefnekjekorps.
Yn in Ljouwerter winkel hiene se in pappegaei. Yn dy tiid stookten se noch hout en doe gong der in man by de doarren lâns, dy rôp op 'e strjitte: ‘Moat der ek hout wêze?’ De winkelsdoar stie miskien iepen - yn alle gefallen, dy pappegaei hearde dat. Hy hie in soarte fan stopwurd, en dat raesde er nou ek: ‘Hier op an!’ De man hearde dat en roun ta de winkel yn. Lang om let kaem de winkelman der op syn folkroppen oansloffen. De talhoutsjeman frege: ‘Moasten jo hout hawwe?’ ‘Né’, sei de winkelman, ‘ik hoech gjin hout’. ‘Hwerom roppe jo dan?’ frege de oare. ‘Dat ha 'k net dien’, forklearre de winkelman. Hawar, sa roun dat ôf. Op 'e strjitte rôp de keapman wer: ‘Moat der noch hout wêze’, en doe waerd der út dyselde doar wei wer roppen: ‘Hier op an!’ De man roun de winkel wer yn en frege: ‘Binne jo fan gedachten foroare? Hoefolle moatte jo hawwe?’ ‘Hielendal gjin’, sei de winkelman; hy bigoun der hwat nocht oan to krijen, ‘wier, ik hoech gjin hout’. ‘Mar hwerom roppe jo dan doch fan: Hier op an?’ De winkelman hâldde him noch efkes ûnnoazel, mar doe bigoun er to laitsjen: ‘Dan hat dy smoarge pappegaei dat dien’. It like wol, oft de pappegaei de man de gek ek noch efkes oanstekke woe; hy rôp wit hoe lûd: ‘Hier op an!’ Doe waerd de man kûgels. Hy hie in talhout yn 'e hân, in munsterhoutsje, en dêr joech er dy pappegaei sa'n optuter mei, dat de kop dy siet him der bryk fan op 'e romp. De pappegaei oerlibbe de slach, mar de kop kaem net wer rjocht to sitten.
Letter kaem dat muzykkorps dêr de strjitte lâns. It blaesde syn mopke en dêrnei stapte de pistonblazer mei de skeve nekke de winkel yn en rammele mei it sintebakje. Doe rôp de pappegaei: ‘Hastou ek talhouten bisteld?’