De mûs dy't hwat op hie
In mûs is ris op in wyld aventûrke út en dan strúnt er foar dokter syn keldersblyntsje lâns. Hy snúft ris: dat rûkt net sa min! Hawar, hy giet der yn en hy slikket oan de ien of oare salve. Fetlik is it wol, mar oft it smakket? Hy giet mar wer nei hûs en dan wurdt er alderfreeslikste mislik. Hy bilooft himsels, dat er noait wer yn dokter syn kelder komme sil. Mar in wykmannich letter is it him hast wer forgetten. En dan rint er wer foar datselde keldersfinsterke lâns. Hy snúft wer. It rûkt hjir oars net gek. Ik koe doch wol efkes sjen; ik hoech nearne oan to kommen. Sa rekket hy der yn en dan reaget er in flesse om. Sels is er dweiltrochwiet. Hy moat him earst mar ris droech slikje. It smakket mar skoan, dat hy slabbet ek noch hwat fan 'e dobbe, dy't út 'e flesse roun is. Hy wurdt hwat langer hwat fleuriger en syn moed wurdt ek hyltyd greater. Hjir is oars ek noch in kat yn 'e hûs, komt him yn 't sin - as ik dy tsjinkom, dan is er noch net fan my ôf! Hy slabbet noch efkes; dan tinkt er, ik koe der fuort ek wol op los. De keldersdoar stiet justjes yn 't tsier, en hy der troch. Lit him dalik de kat net tsjinkomme en dy seit: ‘Hakdy!’ Dan is er bakker ôf.