De ezel as boargemaster
De ezel hie syn poat biseard en koe net hurd út 'e wei komme. De wolf roun, lyk as altyd, mei de honger yn 'e hals, och hwat hie er in skroei. Doe't er dy ezel kreupeljen seach, tocht er by himsels, dy kin 'k binei komme. Hy foel de ezel oan en soe him kâld meitsje. ‘Ja’, sei de ezel, ‘jo sille my nou wol opfrette, mar dat liket my net goed ta. Ik haw ommers in hagedoarn yn 'e poat sitten en as jo dy yn 'e kiel stykjen bliuwt, dan kinne jo dêr in soad earmoed mei krije, en as 't raer treft kostet it jo de kraech. Dat ik soe sizze: helje dy der nou earst efkes út, ear't jo brgjinne om my to biplúzjen’. Dêr koe er wol ris gelyk oan ha, tocht de wolf. De ezel tilde de poat op; der siet wrychtich-wier in toarne yn en dêr wie er kreupel oan. De wolf soe him der út lûke, mar doe joech de ezel him sa'n klap foar de kop, dat net allinne de toarne, mar ek de ezelsbout wie de wolf forgetten. Hy bleau bûten westen oan it paed lizzen en de ezel kreupele fuort.
Nou, dêr laken de oare dieren de wolf om út. Hwa is nou ek sa ûnnoazel en lit him troch in ezel foar de kroade ride. Hy tocht by himsels: mar ik krij him wol! Dy stjonkert ûntkomt my net wer!
En op in goeije kear kaem er de ezel op in iensum paed wer tomjitte. Hy sei: ‘Wacht, heite! Nou sil ik mei dy ôfweve, dou smearlap!’ De ezel seach forheard op. Hy sei: ‘Dou sikest al in ûngelokkige dei foar my út om my dea to meitsjen’. ‘Hwat tochst nou, dat ik my noch ris wer de gek oanstekke lit?’ grânzge de wolf. ‘Mar it treft al tige min’, sei de ezel, ‘ik soe krekt nei de stêd ta. Se moatte der in nije boargemaster ha en dêr ha'k gading oan makke. En ik meitsje ek in hiel soad kâns, hwant noch foar't ik sollisitearre hie, hawwe se my al nûmer ien op 'e foardracht setten. En nou komstou mei de klompen yn 't spul’. ‘Ja, dêr kin 'k ek neat oan dwaen’, sei de wolf. ‘Dat kinst al’, sei de ezel, ‘as ik myn sollisitaesje ynlûk en dou klimst by my op 'e rêch en ik ryd dy nei de stêd ta, dan sil ik in goed wurd foar dy dwaen, datstou op 'e foardracht komste. En dan wurdstou boargemaster’.
Dat liket de wolf sa skoan ta, dat hy springt by de ezel op 'e rêch en dêr ride se togearre hinne. Se komme by de stedspoarte en de wachters sjogge nuver op, mar de ezel seit: ‘Ja, sjoch ris: ik ha hjir de nije kandidaet foar boargemaster, dat jim