Dy komt hjir noait wer
Der wie ris in winterkeninkje dat hie syn nestke yn in hiel ticht toarnebosk. Op in kear kaern it thús en doe seine de bern: ‘Mem, hjir hat sa krekt in forskuorrend great beest west mei ôfgryslike tosken en bluodderige eagen en dat woe ús opfrette’. It winterkeninkje waerde breinroer en sei: ‘Dat sil 'k him ôfleare!’ It seach yn 'e fierte in hiele greate houn fuortrinnen en fuortynienen fleach it der efteroan. It gong yn in beam boppe de houn sitten en bigoun alderheislikst to skellen. De houn hearde it net iens, hy tilde syn poat op tsjin de beam en roun fierder. Mar it winterkeninkje fleach werom. It sei tsjin de bern: ‘Dy komt hjir noait wer. Ik ha him sa it leksum lêzen, dat hy pisse fan binaudens’.