De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 342]
| |
De kat fan Wassenaar koo thús gin goo mear dwaen, omdòt er gin mús mear fange koo, want syn gebyt wied toneende en derom waad er de hús útstierd, mar möukje koo er wòl. Hy geeng òp sjou en it doere naat lang dê't er in hûnd sooch. Hy fortòlde er oen het er belibbe hee. ‘En het muk no, want yk mut toch iten hewwe’. ‘No’, see de hûnd, ‘den bistû krekt as yk, want yk bin ek futstierd, omdàt yk naat mear goo wekje ken, want yk bin het daif en hear naat alles mear, mar yk ken jitte goo blafje. Kom mar mei, den sòwwe sên as wy ek het fynde kenne’. Jê wieden mar just in eendtjen fut, der kôm de hönne fan aald Jisk òp jem to en frigge: ‘Wur sòlle jimme henne, want yk hef gin ûnderdak mear; de kipen sizze dòt yk to aald wòd en hewwe derom löuer in jûngeren hönne. Yk kôest wòl òppakje; mar gin een ken better kraeie as yk. Meik mei jimme mei?’ No wieden se dus mei jerre trêen en jê geengen oen it oerlizzen het se dwaen soeden om oen de kòst to kommen, mar midden yn jerre forgaedering hearden se ynenen de kedde fan de niiboer blaeien en hy kôm jerre kaant út. Dêt er by jem wied krigen jê it forhael dòt hy hee de boer praetjen heard dòt de kedde môst mar nei de slachter, want hy koo it wörk naat mear dwaen. It like de boer better to om mar es in hyngst to kaipjen, mar den môest de kedde slachte wòdde. ‘Mar yk wòl myn kòp löuer jitte naat kwyt en yk wòl graich mei jimme prebearje om oen de kòst to kommen; hinnekje kenk krekt so goo as frûger’. Ek de kedde waad yn't grûpjen òpnomd en jê risselewearen om de wraald mar es to bikykjen en meieen to sên om it iten to fortênjen. Jê wieden krekt by de Hellingshekke, dê kôm de bok fan aalde Wybren oen en hy see: ‘Yk hef myn nocht. Yk hef oas jitte naat heard as dòt yk in stûnkdyng wied, in smôrigen stûnkbok en jê soeden nei de tênder to. Kenk ek mei jimme mei, want yk ken fijn mekkerje’. Hy lòt de oaren heare ho't er mekkerje koo, mei der by in trilling yn syn stemme. Trochdòt de bok so moi mekkerje koo, kômen se òp it idea om in musykkörps to förmjen om dermei de kòst to fortênjen. Jê woeden den de dyk langs oer Mekurren en Starum en den nei Gäslaand. Jê reizgen út en kômen yn Mekurren oen en der jogen se de êarste útfoering: de pûs möukje, de kedde hinnekje, de bok mekkerje, de hûnd blafje en der helendal bopút kraeide de hönne fan aald Jisk dòt it in lust wied, tomeansten dòt mênden se sem, mar de meansken jin tôeten er oas oer, want jê degen de fyngers yn de aren en de dörren komen òp'e skettel. Yn stea fan dòt de musekanten in hapjen krigen of in paar senten, waden se útskelden en er waad seid dòt se mar gaau ophûpelje môesten. Yn Starum wied it presiis it sòldichste. Jê waden útlakke troch de ene en útskelden troch de oare, want jê faenden it allegaar so fals as in kraei en ek yn Starum krigen se niks. Hûngerich en kaald en mei de moo yn'e skoen jogen se jem ô. Jê môesten êarst bipraetje het se no dwaen soeden en èalkeneen faend dòt se it mar jitteres yn Gäslaand prebearje môesten, want nei Hylpen wurom, dòt dôrsten se naat. 't Waad al tiaster dê't se yn Gäslaand oenkômen en dus môesten se êarst mar kykje om ûnderdak fôr de naet, want jê kôesten naat yn de epen loft húshaalde. Nei | |
[pagina 343]
| |
heel lang seekjen faenden se òp it lest efter yn 't bosk in hús wur't gin een yn wenne, tomeansten, der wied naat een thús. Hir geengen se den mar yn, want jê kooen ek naat mear òp jerre futten staen, so wurrich wieden se, en omdòt se ek sleperich wieden, soeden se daelik mar prebearje to slepen en môest èalk mar in plakjen seekje wur't er him it best deljôen koo. De kat jooch him del by de kaggel, want dy wied jit in lik oen. De hûnd geeng ûnder yn'e kasse; it like wòl òp in hûndehòk. De bok stooch fut efter de dôr, want der stooch er thús ek altyd. De kedde faend in plak by de efterdôr; dòt wied suuwer krekt sok in stal as er by de boer hee. De hönne hee it langst wörk om in plak to fynden omdòt er òp in stòk sitte môest. Mar it kôm yn òdder, want de bezem wied er so môi delleid en deròp koo hy de naets best sitten gaen. It doere naat lang of jê slòpten allegaer as bargen; jê snurken er oer. Mar oa wea! Midden yn'e naet dê kôm er in man fan buten yn't roettiaster en dy geeng yn 'e hús en kôm seekjende nei de kaimer. Hy wied so kaald dòt hy soed êarst it fiir mar eawen òpraikelje en hy sooch jitte in paar glèande stikjes fiir by de kaggel, mar meit er mei de poak de henden útsteek nei it stikjen fiir, flaich de kat him al oen, want de stikjes fiir dy't de man sooch wieden de glèande aigen fan de kat. De man skrikte so, dòt hy fael tjèan de kasse oen wur't de hûnd yn lôi en de hûnd òp syn beurt waad nidich en beet wur't er mar koo, skûrde de man syn brook stikken en beet him yn it kút. De man bigreep er niks fan het er allegaar yn syn hús gebard wied. Hy tôet yk mut mar sên ak futkom en soed de kaimerdôr út, mar der stroffele er oer de bok fan aalde Wybren en dy hee in paar graete hònnen wur't er mei oen't steten geeng tjèan dy fremde man. De man waad al mar binaauder en prebeare nei buten to kommen. En dêt de bok him goo totaikele hee, sooch er kaans om nei de butedôr to kommen, mar fôr dòt er de dôr epen deech, krige er in trap fan de kedde dy't yn de stal stooch en der fael de man buten del. Troch al dòt libben wied de hönne wekker wòdden en dy bigôest to kraeien wur troch as alles wekker waad yn de hele omtrek en ek de tênders kômen oenflênen nei de aalde wenning en faenden de man der buten. Jê sogen al gaau dòt dit de man wied dy't de leste tiid Gäslaand ûnfeilich mekke mei stennen en roawen en derom nômen jê him mei nei't hûndegat om him der òp to sluten. De burgemester en alle oare meansken yn Gäslaand wieden so blii dòt dy gaudeef òppakke wied en omdòt it beastekörps it gräste oendeal hêand hee yn de fangst fan dizze gaudeef, mochten se yn 't hús bliuwe en waad jem alle dêgen iten en drynken brôet so fule as se mar hewwe woeden en jê binne der jitte heel lang bliend. (In Hylper fortolling) |
|